Jessie J yn 2008Jessie J by de útrikking fan de Sony Arards yn 2012
Jessica Ellen Cornish, artystenammeJessie J (Londen,27 maart1988), is inBritskesinger-songwriter. Sy hat lieten skreaun foarJustin Timberlake,Miley Cyrus,Christina Aguilera enAlicia Keys. Febrewaris 2011 wûn deCritic's choice award op de BRIT Awards 2011.Har debútsingle 'Do it like a dude' waard folge troch 'Price Tag' dêr’t hja tegearre mei rapperB.O.B. oan wurke hat. De single dy’t dêrnei kaam, 'Who you are', hat it ek bêst dien.
Doe’t Jessie alve jier wie waard sy cast foar in rol ynAndrew Lloyd Webber synWest End-produksje fanWistle down the wind. Mei 16 jier gong sy studearjen oan de BRIT-skoalle (The London School for Performing Arts & Technology) en doe’t hja 17 wie sette sy útein mei in famkesband. Jessie J hat in ûnregelmjittige hertslach sûnt har 11e en krige op har 18e inlytse beroerte.
Jessie har platemaatskippij wie Gut Records. Sy naam dêr in album op, mar foardat it materiaal frijkaam gie it bedriuw fallyt. Dêrnei waard sy súksesfol as lieteskriuwster. Teffens song hja mei opCyndi Lauper harBring Ya To The Brink-omgong ynIngelân (2008). Jessie har karriêre krige faasje doe’t sy lieten skreaun hie foar artysten sa as Rihanna,Justin Timberlake,Alicia Keys,Christina Aguilera enMiley Cyrus. De grutste single dy’t hja skreau wie it nûmer foar Miley Cyrus, 'Party in the USA'.
Yn 2010 makke Jessie J har solo-debút mei de single 'Do It Like a Dude'; har twadde single 'Price Tag' waard in hit.
Jessie har debútalbum, 'Who you are', waard ein febrewaris 2011 yn it Feriene Keninkryk en yn deFeriene Steaten útbrocht. ‘In dream dy’t útkaam’, hat se dêroer sein.[1] Begjin 2011 hat Jessie sein dat hjabiseksueel is.