Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Jeropeeske Ekonomyske Romte

Ut Wikipedy
In kaart mei de dielnimmende lannen oan de Jeropeeske Ekonomyske Romte.

DeJeropeeske Ekonomyske Romte (JER) is inferdrach tusken de lannen fan deJeropeeske Uny (JU) en deJeropeeske Frijhannelassosjaasje (JFA). It ferdrach bestiet sûnt1 jannewaris1994. It akkoart moat it frije ferkear fan persoanen, guod, tsjinsten en kapitaal tusken de dielnimmende lannen befoarderje.

De organisaasje ûntstie om't de lannen fan de JFA dy’t net dielnimme oan de Jeropeeske Uny ek profiteare te litten fan it frije ferkear fan persoanen, guod, tsjinsten en kapitaal tusken de lannen fan de Jeropeeske Uny. Hjirfoar moasten wetten fan de Jeropeeske Uny ynfierd wurde yn de lannen fan de JER.

Dielnimmers

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De dielnimmers oan it ferdrach binne alle lannen fan de Jeropeeske Uny en trije fan de fjouwer lannen fan de JER, útseinSwitserlân. It ferdrach is hjirmei allinnich fan tapassing opYslân,Noarwegen enLychtenstein.

Switserlân ûnderhannele mei om diel te nimmen oan it ferdrach, mar de befolking fan it lân liet troch inreferindum witte net meidwaan te wollen.

Organisaasje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Der is in Rie foar allen lannen, besteande út de fertsjintwurdiger fan de fjouwer leden en de Jeropeeske Kommisje. De bedoeling fan dy rie is om de wetjouwing fan de fjouwer lannen ôf te stimmen op dy fan de Jeropeeske Uny. De rie komt twa kear yn it jier byelkoar.

Sjoch ek

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Jeropeeske_Ekonomyske_Romte&oldid=1031361"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp