Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Jeri Ryan

Ut Wikipedy
Jeri Ryan
akteur
Jeri Ryan yn 2014.
Jeri Ryan yn2014.
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJeri Lynn Zimmermann
nasjonaliteitAmerikaansk
berne22 febrewaris,1968
berteplakMünchen (Dútslân)
etnisiteitAngelsaksysk Amerikaansk
Dútsk
jierren aktyf1991 – no
prizenSatellite Award 1999
Saturn Award 2001
offisjele webside
www.jeri-ryan.net

Jeri Ryan (berne asJeri Lynn Zimmermann;München,22 febrewaris,1968) is inAmerikaanskaktrise dy't benammentlik bekend wurden is fan harrol as de befrijdeBorg Seven of Nine, yn 'escience fiction-tillefyzjesearjeStar Trek: Voyager. Hja hie fierdersfêste rollen yn 'e science fiction-searjeDark Skies, dedramasearjeBoston Public en deplysjesearjeBody of Proof. Yn2020 kroep Ryan fannijs yn 'e hûd fan Seven of Nine foar de nijeStar Trek-rigeStar Trek: Picard.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Ryan waard yn1968berne yn it (doe noch)WestdútskeMünchen, as dedochter fan Gerhard Florian "Jerry" Zimmermann, insersjant 1e klasse yn itAmerikaanske Leger fanDútsketnyskkomôf, dy't dêrsanne stasjonearre wie, en dy synfrou Sharon, insosjaal wurkster. Se hat ien âlderebroer, Mark. Aslegerbern groeide se op op in grut ferskaat oanlegerbases yn 'eAmerikaanske steatenKansas,Marylân,Hawaï,Georgia enTeksas. Doe't se alve jier wie, swaaide harheit ôf útmilitêre tsjinst en fêstige itgesin him yn it stedsjePaducah, yn 'e steatKentucky.

Ryan gie nei demiddelbere skoalle ynLone Oak, en nei't se dy yn1986 ôfrûne hie,studearre se oan 'eNoardwestlike Universiteit teEvanston, infoarstêd fanChicago, ynIllinois. Yn har studintetiid die Ryan mei oanskientmewedstriden, en yn1989 waard se keazen taMiss Illinois. Yn1990 berikte se it fjirde plak by deMiss America-ferkiezing. Datselde jiers studearre se ôf mei inbachelortitel ynteäter.

Neitiid ferfear Ryan neiLos Angeles, om inkarriêre asaktrise nei te stribjen. Se makke yn1991 hardebút op 'etillefyzje mei ingastroltsje yn 'e bekendekomeedzjesearjeWho's the Boss? Dêrnei folgen ferlykbere rollen yn û.m. defantasytillefyzjesearjeThe Flash, itrjochtbankdramaMatlock, dedetektivesearjesMurder, She Wrote enDiagnosis: Murder en desoapsearjeMelrose Place. Se briek troch mei har rol as debûtenierdskedetektive Juliet Stuart yn 'e rigeDark Skies, út1997. Hoewol't dy searje nei ienseizoen al stopset waard, hie se der de oandacht fan 'escience fiction-mienskip mei lutsen.

Jeri Ryan yn2010.

Datselde jiers noch waard Ryan útkeazen foar har bekendste rol, dêr't se wrâldferneamd mei waard, te witten: dy fan Seven of Nine yn 'e rigeStar Trek: Voyager, út 'eStar Trek-franchise. Seven of Nine is yn dy science fiction-searje inminsklikefrou dy't as jongfamke "assimilearre" is troch deBorg, in grizelich ras fansybernetyskebûtenierdske wêzens. Hja is sadwaande makke ta in tuskenbeiden wêzen dat heal fleis en bloed, healmasine is. Ryan joech har yn it fjirde seizoen fan 'e searje by de fêstecast, yn har no suverikoanyske straksittendeunifoarm, en desjochsifers fanStar Trek: Voyager yn 'e Feriene Steaten fleagen ynienen mei 60% omheech. Se fertolke de rol fan Seven of Nine fan1997 oant de ein fan 'e searje yn2001, en groeide út ta in wier ynternasjonaalsekssymboal. Foar har rol fan Seven of Nine waard Ryan yn1998 en1999 nominearre foar deSaturn Award foar bêste aktrise yn in sjenresearje en yn2000 foar bêstebyrol fan in aktrise yn in sjenresearje. Yn1999 wûn se deSatellite Award foar bêste aktrise yn indramasearje en yn2001 wûn se de Saturn Award foar bêste byrol fan in aktrise yn in tillefyzjesearje.

Nei'tStar Trek: Voyager ôfrûn wie, spile Ryan fan2001 oant2004 de rol fan Ronnie Cooke yn itskoaldramaBoston Public, wylst se ekgastrollen hie yn û.m. dekomeedzjesearjeTwo and a Half Men, dedramasearjeThe O.C., itrjochtbankdramaBoston Legal en deplysjesearjeLaw & Order: Special Victims Unit. Fierders spile se yn ferskatefilms, lykas deûnôfhinklike filmMen Cry Bullets (1999) en deromantyske filmDown with Love (2003). YnThe Last Man (2000) spile se de lêste frou op 'e Ierde.

Fan2006 oant2008 hie Ryan ien fan 'ehaadrollen yn it rjochtbankdramaShark, mei astsjinspilerJames Woods. Ek hie se fan2009 oant2011 sânôfleverings lang inweromkearende rol yn 'e dramasearjeLeverage. Fan2011 oant2013 hie se infêste rol yn 'emedyskemisdiesearjeBody of Proof, njonkenDana Delany. Fan2014 oant2017 wie se yn in weromkearende rol te sjen yn trije ôfleverings fan 'e plysjesearjeMajor Crimes. As Veronica Allen spile Ryan fan2016 oant2019 yn tolve ôfleverings fan 'e plysjesearjeBosch.

Yn2020 kroep Ryan fannijs yn 'e hûd fan har súksesrol Seven of Nine foar in nijeStar Trek-rige, te witten:Star Trek: Picard. Yn it twaddeseizoen waard se in fêst lid fan 'ecast yn dy searje.Star Trek: Picard draait omadmiraalb.tsj. Jean-Luc Picard út 'e rigeStar Trek: The Next Generation, út 'e1980-er jierren. Ryan wurdt yn 'e nije searje sadwaande feriene meisirPatrick Stewart, in oare akteur dy't wrâlferneamd wurden is trochStar Trek. Op dy wize wurde twaStar Trek-ikoanen gearbrocht. Foar har wurk yn it earste seizoen fan 'e searje waard Ryan nominearre foar deSaturn Award foar bêstegastrol yn in tillefyzjesearje.

Jeri Ryan yn2019.

Yn1990 kaam Ryan op ingoeddiedichheidsevenemint yn 'e kunde mei deynvestearringsbankierJack Ryan, mei wa't se op15 juny1991troude. Se krigen iensoan, Alex (1994). Jack Ryan wenne ynChicago, wylst Jeri Ryan harkarriêre ynLos Angeles hie. Harren hielehoulik troch reizgen se om bar op en del, oant se úteinlik op27 augustus1999skieden.

Doe't Jack Ryan him yn2003 kandidaat stelde foar deAmerikaanske Senaat, kaam er ûnder druk te stean om 'e reden foar de skieding iepenbier te meitsjen. Uteinlik bepaalde derjochter ynjuny2004 dat alle offisjele stikken oangeande de skieding op 'e tafel komme moasten, ek al wiene sawol Jack as Jeri Ryan dêr op tsjin. Ut 'e stikken die bliken dat Jeri Ryan as direkte oanlieding foar de skieding opjûn hie dat Jack Ryan der by har op oanstien hie omseks mei him te hawwen yn iepenbiere romten en ynseksklubs ynNew York,New Orleans enParys. Jack Ryan hie al dy beskuldigings yn1999 ûntkend, en doe't se yn2004 iepenbier waarden, ûntstried er se op 'e nij. Hoewol't Jeri Ryan wegere hjiroer kommentaar te jaan, útsein ien koart kommunikee, soarge dizze affêre derfoar dat Jack Ryan him weromlûke moast út 'e striid om 'e senaatssit fanIllinois, wêrnei't syn wichtichste rivaalBarack Obamasenator waard.

Nei har skieding fan har earste man gie Jeri Ryan yn2000 in hoart om meiBrannon Braga, ien fan 'eprodusinten fanStar Trek: Voyager. Dêrby waarden hjastalkt troch in Marlon Estacio Pagtakhan, dy't har neffens de berjochten yn 'emediabrieven stjoerde wêryn't er Ryan meiferkrêfting en Braga meimarteling bedrige. Pagtakhan waard ynmaaie2001 feroardiele foarstalking enbedriging.

Yn2003 kaam Ryan, dy'thobbykok enfrankofyl is, yn 'e kunde mei deFrânskesjef-kokChristophe Émé. It pear troude op16 juny2007 yn itFrânske departemintMaine-et-Loire, yn itfyftjinde-iuwskeChâteau de Noirieux, ûnderAngers. Yn2008 krigen se indochter, Gisèle Émé, berne te Los Angeles. Tegearre wiene Ryan en Émé fierders fan2005 oant2010 eigner fan itrestaurantOrtolan, ek ynLos Angeles.

Filmografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Filmografy as aktrise
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
1991Who's the Boss?Pamgastrol;ôfl.The Unsinkable Tony Micelli
1991The FlashFelicia Kanegastrol; ôfl.The Deadly Nightshade
1991Top of the HeapTylergastrol; ôfl.The Marrying Guy
1991Nightmare in Columbia CountyDawn Elizabeth Smithtillefyzjefilm; ek bekend asVictim of Beauty
1991NursesLisagastrol; ôfl.Mother, Jugs, and Zach
1991Reasonable DoubtsRachel Beckwithgastrol; ôfl.Graduation Day
1992Flash III: Deadly NightshadeFelicia Kanetillefyzjefilm
1992Just DesertsNicoletillefyzjefilm
1993In the Line of Duty: Ambush in WacoRebeccatillefyzjefilm
1993The Jackie Thomas ShowPauline Yardleygastrol; ôfl.Jackie and the Model
1993MatlockCarrie Lockegastrol; 2 ôfl.
1994Time TraxLauren Sandersgastrol; ôfl.Out for Blood
1995Murder, She WroteMauragastrol; ôfl.Death n' Denial
1995Charlie GraceClairegastrol; ôfl.Designer Knock-Off
1996The ClientJennifergastrol; ôfl.The Morning After
1996Melrose PlaceValerie Madisongastrol; 2 ôfl.
1996Diagnosis: MurderMelissa Farnesgastrol; ôfl.Murder by the Book
1996Pier 66Beth Saunderstillefyzjefilm
1997Dark SkiesJuliet Stuarthaadrol; 8 ôfl.
1997–2001Star Trek: VoyagerSeven of Ninefêste rol; 102 ôfl.
Satellite Award foar bêste aktrise yn in dramasearje (1999)
Saturn Award foar bêste byrol fan in aktrise yn in tillefyzjesearje (2001)
2 × nom.Saturn Award foar bêste aktrise yn insjenresearje (1998 & 1999)
nom.Saturn Award foar bêste byrol fan in aktrise yn sjenresearje (2000)
1999The SentinelAlexis Barnesgastrol; 2 ôfl.
1999DilbertSeven of Nine-wekkergastrol; ôfl.The Gift
2001–2004Boston PublicRonnie Cookefêste rol; 59 ôfl.
2004–2011Two and a Half MenSherriweromkearende rol; 3 ôfl.
2005The CommutersAnnetillefyzjefilm
2005The O.C.Charlotte Morganweromkearende rol; 7 ôfl.
2006Boston LegalCourtney Reeseweromkearende rol; 2 ôfl.
2006–2009Iron Chef American.f.t.dielnimmer oan inreality-itensiedersprogramma; 2 ôfl.
2006–2008SharkJessica Devlinfêste rol; 34 ôfl.
2009Law & Order: Special Victims UnitPatrice Larueweromkearende rol; 3 ôfl.
2009–2011LeverageTara Coleweromkearende rol; 8 ôfl.
2010Dead LinesSophie Fynetillefyzjefilm
2010Psychdokter Kim Phoenixgastrol; ôfl.The Head, the Tail, and the Whole Damn Episode
2010Secrets in the WallsRachel Eastontillefyzjefilm
2011Law & Order: Criminal IntentNaomi Hallorangastrol; ôfl.Boots on the Ground
2011Mortal Kombat: LegacySonya Bladeweromkearende rol; 2 ôfl.
2011–2012Warehouse 13majoar Amanda Lattimerweromkearende rol; 2 ôfl.
2011–2013Body of ProofKate Murphyfêste rol; 42 ôfl.
2014–2017Major CrimesLinda Rothmanweromkearende rol; 3 ôfl.
2014HelixConstance Suttonweromkearende rol; 2 ôfl.
2015NCISRebecca Chase(2e eks-frou fan Gibbs)gastrol; ôfl.Check
2015ArrowJessica Danforthgastrol; ôfl.The Candidate
2016Against the Wild: Survive the SerengetiJennifer Crofttillefyzjefilm
2016–2019BoschVeronica Allenweromkearende rol; 12 ôfl.
2020–noStar Trek: PicardSeven of Ninefêste rol; >10 ôfl.
nom.Saturn Award foar bêste gastrol yn in tillefyzjesearje
2020The Ready Roomn.f.t.gast yn inpraatprogramma; 2 ôfl.
2020MacGyverGwendolyn Hayesweromkearende rol; 3 ôfl.
films
1999Men Cry BulletsLydia
2000The Last ManSarah
2000Disney's The Kidgast fanLarry King
2000Dracula 2000Valerie Sharpeek bekend asWes Craven Presents: Dracula 2000
2003Down with LoveGwendolyn
2010Mortal Kombat: RebirthSonya Bladekoarte film
2019Devil's RevengeSusan
fideospultsjes
2001Star Trek: Voyager – Elite ForceSeven of Nineasstimaktrise; yn patch 1.2 en it Expansion Pack
2014 & 2020Star Trek OnlineSeven of Nineas stimaktrise

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryJeri Ryan fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Jeri_Ryan&oldid=1116762"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp