Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Jerevan

Ut Wikipedy
Jerevan
Երևան
Jerevan yn 'e winter mei de beide Ararats op 'e eftergrûn
Jerevan yn 'e winter mei de beide Ararats op 'e eftergrûn
Bestjoer
LânArmeenje
Sifers
Ynwennertal1.117.800(2010)
Oerflak227 km²
Befolkingsticht.5.000 / km²
Stêdekloft1.245.700
Hichte989 m
Oar
Stifting782 f.Kr.
TiidsôneGMT+4 (UTC+4)
SimmertiidGMT+5 (UTC+5)
Offisjele webside
(in)www.yerevan.am

Jerevan (Armeensk:Երեվան ofԵրևան) is de haadstêd fanArmeenje. Faak wurdt de namme ek skreaun asErevan, yn earder tiden ek Erivan en Erebuny neamd. Mei sa'n 1,09 miljoen ynwenners is Jerevan de grutste stêd fan Armeenje. De stêd leit oan de rivier deHrazdan.

It haadpostkantoar

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Jerevan is ien fan de âldste stêden op ierde. Archeologysk bewiis toant nammentlik oan dat op it stee fan it hjoeddeiske Jerevan al yn782 f.Kr. in militêre fersterking troch keningArgistis I boud wurden is. Dy fersterking moast oanfallen fan barbaren út it noarden fan de Kaukasus tsjinhâlde. Letter wie Jerevan fan strategysk belang as in krúspunt fan karevaanrûtes tuskenJeropa enAazje. De namme Jerevan waard yn de7e iuw brûkt as de haadstêd fan Armeenje ûnder Persysk gesach. EkAzerbeidzjan en de Ottomanen hawwe, lykas deRomeinen de stêd binnen harren lânsgrinzen hân. Yn 1827 wurdt JerevanRussysk grûngebiet. Fan1917 oant1920 hat de stêd de funksje fan haadstêd fan in ûnôfhinklik Armeenje, dochs it lân wurdt opslokt troch de Sowjetuny en Jerevan wurdt de haadstêd fan deSosjalistyke Republyk Armeenje, ien fan de 15 republiken fan deUSSR. Yn 1991, nei it útienfallen fan de Sowjetuny, wurdt Jerevan wer haadstêd fan in frij Armeenje.

De jierren njoggentich fan de foarige iuw hawwe net folle rêst yn Jerevan brocht. Ien fan de ynsidinten: yn oktober 1999 wurde yn it Armeenske parlemint de foarste minister Vazgen Sarkissian, de foarsitter Karen Demirtsjan en seis oaren fermoarde, sa'n 50 ôffurdigen wurde in nacht as gizelers fêsthâlden. De dieders jouwe harren de oare moarns oer, wurde ôffierd nei in finzenis en fan harren wurdt nea wer wat fernaam.

Fan de hiele stêd út kin men deGrutte Ararat en deLytse Ararat lizzen sjen. Hoewol't dizze bergen, dêr't neffens de Bibelske oerleveringNoäch mei syn ark tsjinoan fart is, nasjonale symboalen foar Armeenje binne, lizze hja tsjintwurdich yn it Turkske territoarium. De measte gebouwen yn de stêd binne oplutsen útreade dowestien.

  • Sovjetarsjitektuer Jerevan
    Sovjetarsjitektuer Jerevan
  • Gûvernemintshûs út de tiid fan de republyk (1918/20)
    Gûvernemintshûs út de tiid fan de republyk (1918/20)
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Jerevan&oldid=1018981"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp