Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Jenny McCarthy

Ut Wikipedy
Jenny McCarthy
tillefyzje-en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJennifer Ann McCarthy
nasjonaliteitAmerikaansk
berne1 novimber1972
berteplakChicago (Illinois)
etnisiteitDútsk
Iersk
Poalsk
wurkpaad
wurksum aspresintatrise,aktrise,model,
neakenmodel,komediënne,
publisiste,senarioskriuwster
mediumtillefyzje,film
wurksum byMTV,ABC
bekend fanPlayboy
The View
jierren aktyf1993 – no
offisjele webside
gjint

Jenny McCarthy (folút:Jennifer Ann McCarthy;Chicago,1 novimber1972) is inAmerikaanskpresintatrise,aktrise,model,komediënne,publisiste,senarioskriuwster enaktiviste fan mingdIersk-Dútsk-Poalsketnysk komôf. Hja waard oarspronklik yn1993 bekend asneakenmodel yn 'ePlayboy en waard letter beneamd taPlaymate fan it Jier. Neitiid wist se har bekendheid as neakenmodel om te setten yn in karriêre op 'etillefyzje en itwite doek. McCarthy stiet fierders ek bekend asaktiviste tsjin itfaksinearjen fanbern, mei't dat neffens harautisme feroarsaakje soe. Oer dat ûnderwerp en oanbesibbe matearje hat se ferskateboeken publisearre.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

McCarthy waard yn1972 berne ynChicago, yn 'esteatIllinois, yn inroomsk gesin fan mingdIersk,Dútsk enPoalsketnysk komôf. Hja groeide op ynEvergreen Park, infoarstêd fan Chicago, en ynWest Elsdon, in súdwestlikebûtenwyk fan Chicago. Har heit, Dan McCarthy, wiefoarman yn instielfabryk wie, en har mem Linda, wie inhúsfrou enparketwacht. McCarthy wie de twadde fan fjouwer dochters yn it gesin, mei susters dy't fan Lynette,Joanne enAmy hjitte.Joanne is in earder profesjoneelbasketbalster.AktriseMelissa McCarthy is in folle nicht fan Jenny McCarthy.

McCarthy folge demiddelbere skoalle oan 'e Mother McAuley Liberal Arts High School yn Chicago, en wiecheerleader oan 'e Brother Rice High School en de St. Laurence High School. Nettsjinsteande it feit dat cheerlearders yn 'e regel ta de populêrste famkes op inskoalle hearre, hat McCarthy harsels yn har tinerjierren omskreaun as "in ferskoppeling", dy't geregeldweinarre waard troch har klasgenoaten. Nei't se de middelbere skoalle mei goed gefolch trochrûn hie, studearre se twa jier oan 'eUniversiteit fan Súdlik Illinois, ynCarbondale.

Karriêre

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn1993, doe't se 21 jier wie, posearre McCarthy yn ruil foar $20.000 (omrekkene yn2016 hast $33.000) foar inneakenreportaazje yn itmanljusblêdPlayboy. Hja waard dePlaymate fan de Moanneoktober, wêrby't har it personaazje fan it naïveroomske skoalfamke taparte waard. Dat foel net goed yn har roomske buert, dêr't har hûs meiaaien bekûgele waard, har jongere suskes op skoalle narre waarden en har it leksum lêzen waard troch ferskate muoikes dy'tnon wiene. Dat se neitiid taPlaymate fan it Jier útkeazen waard en insalaris fan $100.000 útbetelle krige, sil foar McCarthy lykwols in protte goed makke hawwe.

Jenny McCarthy yn2005.

Neitiid ferfear McCarthy neiLos Angeles, dêr't se in hoart itmuzykprogrammaHot Rocks presintearre op 'ebetelstjoerderPlayboy TV, wêryn't pikantefideoklips fertoand waarden. Yn1995 waard McCarthy troch de muzykstjoerderMTV frege om it programmaSingled Out te presintearjen. Dat waard in grut súkses, wêrnei't dePlayboy har frege foar in nije neakenreportaazje. Datselde jiers hie McCarthy ek har earstefilmroltsje, asferpleechkundige ynThing to Do in Denver When You're Dead. Yn1996 wist McCarthy in lyts roltsje yn 'ekomeedzjesearjeThe Stupids te bemachtigjen, wêrnei't se yn1997 har eigen programma mei komyskesketches op MTV krige, mei as titelThe Jenny McCarthy Show. Dy wie súksesfol genôch dat se letter datselde jiers in eigen komeedzjesearje op 'e Amerikaanske nasjonale stjoerderNBC taparte krige, mei as nammeJenny. Datselde jiers stie se ek wer yn 'ePlayboy, diskear ek op 'eomslach fan 'eseptimberedysje. Boppedat brocht se inautobiografy út, mei as nammeJen-X: Jenny McCarthy's Open Book.

Har earste grutte filmrol hie McCarthy yn1998, as tsjinspylster fanTrey Parker enMatt Stone yn 'e komeedzjeBASEketball. Yn2000 hie se in rol yn 'ehorrorfilmScream 3, en yn2003 wie se mei û.m. har kollega-PlaymatePamela Anderson te sjen yn 'ehorrorparodyScary Movie 3. Twa jier letter, yn2005 spile McCarthy in haadrol yn 'e filmDirty Love, dêr't se sels itsenario foar skreau en dy't se ek produsearre. De film waardregisearre troch har doetiidske manJohn Asher.Dirty Love waard net goed ûntfongen, en yn2006 ûntfong McCarthy der deRaspberry Award foar minste aktrise, minste senario en minste film foar, wylst Asher de Raspberry Award foar minste regisseur taparte krige.

Underwilens hie McCarthy rollen hân yn in ferskaat oantillefyzjesearjes, lykasStacked,Charmed,The Drew Carey Show,Wings,Fastlane,Just Shoot Me! enTwo and a Half Men. Dêrnjonken wurke sestimaktrise mei oan it trêde seizoen fan 'eKanadeesketekenfilmsearjeTripping the Rift. Fierders hold McCarthy ek de bân meiPlayboy oan, sawol asneakenmodel as yn oare hoedanichheden. Ynjannewaris2005 stie se wer op 'e omslach fan itblêd, en wie se binnenyn te besichtigjen by in neakenreportaazje dy't makke wie ynGraceland, defilla fanElvis Presley ynMemphis. Fierders lei McCarthy har sels ek ta opfotografy, en wie se neiCarmen Electra de twadde frou dy't in neakenreportaazje makke (fan it modelJennifer Madden) foar dePlayboy Cyber Club. McCarthy har jongere susterAmy wurke ek as neakenmodel foarPlayboy, en wie ynCyber Girl fan de Wike yn 'e wike fan27 septimber2004 enCyber Girl fan de Moanne ynjannewaris2005.

Yn2007 spile McCarthy mei û.o.Chelsea Handler enLeah Remini yn inonline-searje fan fiif ôfleverings, mei as titelIn the Motherhood. Ek wurke se mei oan twafideospultsjes, wêrby't seKari Wührer ferfong ynCommand and Conquer: Red Alert 3, en as ynstruktrise yn itfitnessfideospultsjeYour Shape Featuring Jenny McCarthy. Opâldjiersdei2010 wie McCarthyferslachjouster opTimes Square ynNew York foar it programmaDick Clark's New Year's Rockin' Eve, op 'e stjoerderABC. In jier letter wurke se wer mei oan dat programma, en tute se om tolve oere op âldjiersjûn in Newyorkskeplysjeman dy't tafallich tichteby har stie. Op31 desimber2012 wie se fannijs fan 'e partij, en tute se inkadet fan 'eAmerikaanske Keapfardij Akademy.

Yn 'esimmer fan2012 presintearre McCarthy it twadde seizoen fan it programmaLove in the Wild. Ynaugustus fan dat jier stie se wer op 'e omslach fan 'ePlayboy, om't se foàr har fjirtichste jierdei op 'e nij foar in fotoreportaazje yn datneakenblêd posearje woe. Nei santjin gastoptredens waard McCarthy ynjuly2013 oannommen as fêste mei-presintatrise fan tillefyzjefeteraanBarbara Walters yn itpraatprogrammaThe View, op 'e stjoerder ABC, wêrby't seJoy Behar ferfong. Dat wurk die McCarthy in jier lang, oant se yn 'e simmer fan2014 tegearre mei in oare mei-presintatrise,Sherri Shepherd, byThe View weigie. Der waard fan grute dat ABC McCarthy har kontrakt net ferlinge hie fanwegen har aktivistyske aktiviteiten, mar yn in fraachpetear ûntstried McCarthy sels dat se ûntslein wie. Fuort neitiid sette se útein as presintatrise fan it programmaDirty, Sexy, Funny with Jenny McCarthy, op 'e stjoerderSiriusXM.

McCarthy yn2008, by in taspraak foar in gearkomste op it mêd fanautisme.

Priveelibben

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

McCarthy hie fan1994 oant1998 in relaasje meiympressarioRay Manzella. Ein1998 begûn se om te gean meiakteur enregisseurJohn Mallory Asher. Mei himferloofde se har ynjannewaris1999, en op11 septimber fan dat jiertrouden se. Harren soan Evan Joseph Asher waard op18 maaie2002 berne.

Nei't by har soan ynmaaie2005autisme fêststeld waard, ûntjoech McCarthy har ta in foaroansteandaktiviste op it mêd fan 'e maatskiplike akseptaasje fan autisten. Dêrnjonken hat droech se aktyf de teory út dat autisme yn in protte gefallen feroarsake wurdt trochfaksinaasjes, en rôp se yn 'e ûnderskateboeken dy't se oer dat ûnderwerp skreau alle Amerikaanske âlden op om faksinaasjes foar harren bern safolle mooglik te wegerjen. Dat kaam McCarthy op in protte krityk fan oare âlden en út 'e hoeke fanmedyske ekspêrs te stean.

McCarthy en Asherskieden ynseptimber2005, wêrnei't McCarthy yndesimber fan dat jier in relaasje krige mei akteurJim Carrey, hoewol't dat pas ynjuny2006 bekend waard. Ynapril2008 makke McCarthy yn it praatprogramma fanEllen Degeneres iepenbier dat sy en Carreygearwennen en der neat foar fielden om te trouwen. Twa jier letter, ynapril2010 giene se útinoar. Ynjuly2013 krige McCarthy in relaasje meiDonnie Wahlberg, de broer fan akteurMark Wahlberg, mei wa't se har begjin2014 ferloofde, wêrnei't se op31 augustus fan dat jier trouden.

Publikaasjes

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • 1997 –Jen-X: Jenny McCarthy's Open Book (autobiografy)
  • 2005 –Belly Laughs: The Naked Truth about Pregnancy and Childbirth
  • 2006 –Baby Laughs: The Naked Truth about the First Year of Mommyhood
  • 2007 –Life Laughs: The Naked Truth about Motherhood, Marriage, and Moving On
  • 2007 –Louder than Words: A Mother's Journey in Healing Autism
  • 2008 –Mother Warriors: A Nation of Parents Healing Autism Against All Odds
  • 2009 –Healing and Preventing Autism (mei dr.Jerry Kartzninel)
  • 2010 –Love, Lust & Faking It: The Naked Truth About Sex, Lies, and True Romance
  • 2012 –Bad Habits: Confessions of a Recovering Catholic

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryJenny McCarthy fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Jenny_McCarthy&oldid=1038759"
Kategoryen:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp