Jehannes waard berne, ûnder de nammeJuan de Yepes y Álvarez, as soan yn in ta itkristendom bekeardJoadsk gesin ynFontiveros, ynAld-Kastylje. Syn heit Gonzalo wie yn 't earstoan boekhâlder by rikere famyljeleden dy'tsidekeaplju wiene. Doe't er yn1529 lykwols mei Jehannes syn mem Catalina troude, dy't in weesbern út 'e legerein wie, waard er troch syn famylje ferstaat, en wie er sadwaande twongen om wurk te sykjen as wever. Gonzalo stoar yn1545, doe't Jehannes noch mar in jier as sân wie. Dêrtroch rekke it gesin alhiel ferearmoede, en Jehannes syn âldere broer Luis stoar yn1547, nei alle gedachten oan 'e gefolgen fanûnderfieding. Neitiid naam Catalina Jehannes en dy syn oare broer Francisco mei, earst, yn1548, neiArévalo, en letter, yn1551, neiMedina del Campo, dêr't se úteinlik oan wurk slagge as weefster.
Yn Medina del Campo krige Jehannes ûnderrjocht (benammen yn 'e lear fan 'e Tsjerke) op in earmeskoalle. Neitiid tsjinne er as akolyt yn in deunbykleaster fanaugustynskenonnen. Letter wurke er yn insikehûs en studearre er fan1559 oant1563 oan injezuïtyske skoalle. Uteinlik trede er yn1563 lykwols yn yn 'eKarmelityske Oarder, wêrby't er de namme "Jehannes fan Sint Mattias" oannaam. It jiers dêrop lei er syn fêste ûnthjitten as karmelyt ôf, wêrnei't er neiSalamanca reizge omteology enfilosofy te studearjen oan 'e prestizjeuze universiteit dêre.
Yn1567 waard Jehannes ta preester wijd. Dêrop joech er oan dat er fan doel wie om 'e karmeliten te ferlitten en him oan te sluten by de strangereKartuzer Oarder, dy't him mear oanspriek fanwegen de oanmoediging dy't dêr jûn waard ta solitêre en stille kontemplaasje. Op in reis dy't er dat jiers fan Salamanca nei Medina del Campo ûndernaam, feroare dat, doe't er de garismatyske karmelitesseTeresa fan Ávila mette, dy't yn Medina wie om dêr har twadde nonnekleaster te stiftsjen. Hja beprate Jehannes om har te helpen en bring de Karmelityske Oarder werom nei syn woartels, troch de strange "Primitive Regel" út1209 wer yn te fieren, dy't yn1432 trochpausEugenius IV fansiden skood wie.
Under de "Primitive Regel" waard in grut part fan 'e dei en de nacht trochbrocht mei it resitearjen fan fêste koargesangen op 'e byhearrende oeren, en fierders mei stúdzje, bibellêzen, de fiering fan 'emisse en solitêre perioaden, wylst defraters fan 'e oarder har dwaande holden mei itevangelisearjen ûnder de omwenjende befolking. Yn 'e perioade tusken itFeest fan 'e Ferearing fan it Krús, op14 septimber, enPeaske, yn it foarjier, moasten de leden fan 'e oarder har alhiel ûnthâlde fan it iten fan fleis, enfêsten se lange skoften. Fierders wiene der deis oeren dat der folsleine stilte bewarre wurde moast, fral tusken dekompleten (it fallen fan 'e nacht) enprym (de iere moarn) yn. Fierders moasten der koartere, rûgere pijen en habiten droegen wurde, en boppedat moasten leden fan 'e oarder bleatsfoets gean (dêrfandinne dat de folgelingen fan Jehannes en Teresa bekend kamen te stean as debleatsfoetse karmeliten).
Yn1568 stifte Teresa it trêde "bleatsfoetse" nonnekleaster (ynValladolid), wylst Jehannes dat jiers teDuruelo, healweiÁvila enSalamanca, it earste "bleatsfoetse" mûntsekleaster oprjochte. Dyselde deis feroare er syn namme yn "Jehannes fan it Krús". In twadde kleaster stifte er yn1570 tePastrana. Twa jier letter joech er him yn Ávila wer by Teresa, en waard er foar har en de 130 oare nonnen yn it kleaster dêre preester enbychtfaar. Earne tusken1574 en1577 krige er ûnder ingebed in fizioen fan dekrusigeKristus, dat him oansette ta syn ferneamde tekening mei it perspektyf skean fan boppen. Dyselde tekening soe yn1951Salvador Dalí ynspirearje ta synskilderijKristus fan Sint Jehannes fan it Krús.
Hoewol't Jehannes en Teresa yn 't earstoan stilwei harren gong gean kinnen hiene, kaam der neigeraden dat se mear oanhingers krigen almar mear ferset tsjin harren herfoarmings. Tusken1575 en1577 berikten de spannings binnen de Karmelityske Oarder in hichtepunt. De drekte oanlieding dêrta wie dat de bleatsfoetse karmeliten ek kleasters begûnen te stiftsjen ynAndalúsje, hoewol't dat rjocht tsjin 'e oarders yngie dy't se fan 'e karmelityske prior-generaal yn Spanje ûntfongen hiene. Fan gefolgen waard op in gearkomste fan 'e lieders fan 'e ynternasjonale Karmelityske Oarder, dy't yn maaie1576 yn itNoarditaljaanskePiacenza holden waard, besletten om 'e lear fan 'e bleatsfoetse karmeliten folslein te ferbieden en te ûnderdrukken. Dy maatregel waard yn Spanje net daliks en net hielendal trochfierd, mei't keningFilips II de herfoarmings yn begjinsel ûnderstipe, en dêrom de Karmelityske Oarder de tastimming ûnthold om tsjin 'e bleatsfoetse karmeliten fanwegen te kommen. Fierdersoan stie ek depauslike nunsius yn Spanje,Nicolò Ormanetto, debiskop fanPadua, goedgeunstich foar de nije opfettings oer, en naam dyselde Jehannes en Teresa tsjin harren fijannen yn beskerming. Sa waard Jehannes op oantrún fan 'e nunsius wer frijlitten nei't er yn jannewaris 1576 oppakt wie troch guon otterdokse karmeliten.
Doe't Ormanetto mids1577 kaam te ferstjerren, foel syn beskerming lykwols fuort, en yn 'e nacht fan2 desimber1577 ferskafte in groep karmeliten him tagong ta Jehannes yn wente yn Ávila en naam him finzen. Jehannes waard yn it karmelityske kleaster ynToledo foar in rjochtbank fan 'e oarder brocht en feroardiele foar oerhearrigens oan 'e besluten dy't yn Piacenza nommen wiene. Hy waard opsletten yn in sel fan 3 m by 1.80 m, sûnder skjinne klean of de mooglikheid om him te waskjen en mei mar in krap dieet fan wetter, brea en restjes sâlte fisk. Teminsten ienris yn 'e wike waard er út syn sel helle om yn it iepenbiergisele te wurden. Under syn finzenskip, dy't njoggen moanne duorre, skreau er itCántico Espiritual ("Geastlik Liet") ien fan syn langste en meast ferneamdegedichten. Op15 augustus1578 wist er syn seldoar fan 'e hingen te krijen en te ûntsnappen troch in lytse finsteriepening yn in oangrinzgjend fertrek. Hy joech him by Teresa har nonnen yn Toledo, dy't him fersoargen, en brocht letter noch seis wiken troch yn it sikehûs, ear't er wer safierhinne opbettere wie dat er syn wurk ferfetsje koe.
Op in gearkomste yn oktober1578 waard besletten dat de bleatsfoetse karmeliten de paus fersykje soene om fan harren in selsstannige geastlike oarder te meitsjen, los fan 'e otterdokse karmeliten. Op deselde gearkomste waard Jehannes oansteld as lieder fan in lyts kleasterke yn 'e bergen fan Andalúsje, deunbyBeas. Dêr kaam er yn 'e kunde mei de nonAna de Jesús, mei wa't er neitiid gauris gearwurkje soe. Yn1579 ferfear er neiBaeza, dêr't er de rektor waard fan in nij kolleezje fan 'e bleatsfoetse karmeliten. It jiers dêrop naam pausGregoarius XIII dan einlings it beslút om 'e karmeliten en de bleatsfoetse karmeliten útinoar te heljen, en fan 'e lêsten in selsstannige oarder te meitsjen. Yn opdracht fan 'e earste gearkomste fan 'e lieders fan 'e oarder skreau Jehannes yn1581 harren grûnregels. Tsjin dy tiid omfette de nije oarder 22 kleasters, 300 mûntsen en 200 nonnen.
Mei Ana de Jésus sette Jehannes yn1582 in nij kleaster fan bleatsfoetse karmeliten op ynGranada, en yn1585 noch ien teMálaga. Datselde jiers waard er keazen ta provinsjaalfikaris fan Andalúsje, wat makke dat er in protte reizgje moast, om't er alle kleasters yn syn provinsje ienris yn 't jier besykje moast. Men rûst dat er ûnder syn fikariaat likernôch 25.000 km ôflei, wylst er yn dyselde snuorje noch sân nije kleasters stifte. Yn juny1588 waard er oansteld as trêde riedsman fan 'e fikaris-generaal fan 'e bleatsfoetse karmeliten,Nicolas Doria. Foar dat amt kearde er werom neiKastylje, en fêstige er him ynSegovia, dêr't er teffens deprior fan it pleatslike kleaster waard. Nei't der tusken Jehannes en Doria in skeel ûntstien wie oer de kant dy't de oarder út moast, waard er út syn amt ûntslein en yn feitlike ballingskip stjoerd nei in ôfhandich kleaster yn Andalúsje dat fan La Peñuela hiet. Dêr waard er siik. Hy reizge nei it gruttere kleaster teÚbeda foar behanneling, mar hy rekke yn 'e minnichte, en stoar op14 desimber1591 oanwûnroas.
It stânbyld fan Jehannes fan it Krús yn syn berteplakFontiveros.
De moarns nei Jehannes syn dea kaam der in ûnbidige kliber folk yn it kleaster fan Úbeda om syn stoflik omskot te besjen. Yn it gedrang wisten frijwat lju in stikje fan syn pij te bemachtigjen as in persoanlikrelikwy. Jehannes fan it Krús waard earst begroeven te Úbeda, mar yn1593 waard er, op fersyk fan it kleaster yn Segovia dêr't er prior fan west hie, temûk dêrhinne oerbrocht. De ynwenners fan Úbeda leine har dêr net by del en stjoerden in petysje oan pausKlemins VIII om it lyk werom te krijen. De paus wie ûnder de yndruk fan 'e petysje en oardere dat it lichem weromjûn wurde moast. Dêr fersette it kleaster yn Segovia him lykwols tsjin. Uteinlik waard der in kompromis berikt, wêrby't it kleaster fan Úbeda in earm en in skonk fan Jehannes krige. Mei't se dêr by de earste ferhuzing al ien fan 'e skonken holden hiene, en de oare earm ynMadrid efterbleaun wie om dêr as relikwy te tsjinjen doe't it lichem dêr ûnderweis nei Segovia lâns kommen wie, hold it kleaster yn Segovia dus inkeld Jehannes syn holle en syn romp yn besit.
Dy holle en romp waarden yn Segovia fereare oant der ynRome besletten waard dat ferearing fan minsklike resten sûnder offisjele tastimming nearne nei liek. Sadwaande waarden de holle en romp yn1647 begroeven. Yn1930 waarden se lykwols wer opgroeven, en no wurde se dêr bewarre yn inmoarmerne kiste boppe in spesjaalalter yn in sydkapel. Yn Úbeda binne in hân en in skonk noch altiten sichtber yn inrelikwarium yn it Oratoarium fan Sint Jehannes fan it Krús, in kleaster dat yn1627 boud waard ta ferfanging fan it oarspronklike bleatsfoets-karmelityske kleaster út1587.
Jehannes fan it Krús wurdt sjoen as ien fan 'e wichtichstedichters fan 'eSpaansketaal. Syn samlepoëzij beslacht krapoan 2.500 fersen, en twa dêrfan, itCántico Espiritual ("Geastlik Liet") enLa Noche Oscura del Alma ("De Tsjustere Nacht fan de Siel") wurde rûnom beskôge as masterwurken fan 'e dichtkeunst, sawol om harren formele styl, as om har rike symbolyk en byldspraak. Jehannes synteologyske wurken omfetsje gauris kommentaren op dy beide gedichten. Al syn wurken binne skreaun tusken1578 en1591, sadat der in grutte ûnderlinge gearhing tusken bestiet.
ItCántico Espiritual (1578) is in hoedersdicht wêryn't de breid (dy't de minsklike siel fertsjintwurdiget) siket om har brêgeman (Jezus Kristus), en deroer yn noed sit dat se him kwytrekke is, wylst se allebeide ferfolle reitsje fan blydskip as se inoar úteinlik wer fine. Dit gedicht kin sjoen wurde as in frije bewurking fan itbibelskeHeechliet yn in tiid doe't bibeloersettings út itLatyn nei de sprektaal (yn dit gefal it Spaansk) noch strang ferbean wiene.La Noche Oscura del Alma (1578/1579) ferhellet oer de reis fan 'e siel út har stoflike wente (it lichem) nei har wiere hûs yn 'ehimel en har feriening meiGod. Jehannes synSubida de Monte Carmelo ("De Beklimming fan 'e Berch Karmel"; tusken1581 en1585) is in mear systematyske stúdzje oangeande itasketyske besykjen fan in siel om ta in folsleine ienwurding te kommen mei God. It út fjouwer kûpletten besteandeLlama de Amor Viva ("Libbene Flamme fan 'e Leafde";1585-1586) beskriuwt in gruttere yntimiteit, wêrby't de siel Gods leafde beäntwurdet. Dizze fjouwer teksten foarmje, yn 'e mande mei Jehannes synDichos de Luz y Amor ("Utspraken fan Ljocht en Leafde") en de wurken fan Teresa fan Ávila, de wichtichste mystike geskriften yn 'e Spaanske taal.