Jean Mermoz (Aubenton,Aisne9 desimber1901 –Atlantyske Oseaan,7 desimber1936) wie inFrânskfleander, dy't troch in protte minsken as in held beskôge wurdt ynArgentynje en syn heitelânFrankryk, dêr't in protte skoallen en wegen nei him ferneamd binne. YnBrazylje wurdt hy ek erkend as in loftfeartpionier, hoewol't mar in pear minsken dêr witte hoe grut at syn fertsjinsten yn de earste jierren fan de fleanderij yn Súd-Amearika feitlik west hawwe.
Mermoz gie 1922 by de Frânske Loftmacht en waard dêrnei útstjoer neiSyrje. Hy kaam 1924 werom yn Frankryk, nei Toulouse, nei't er faaks ien fan de fleanders mei it measte súkses yn de Syryske kampanje west hie. Letter gie Mermoz oan it wurk as piloat op inpostfleanmasine yn tsjinst fanLatécoère. By it foarfleanen helle er sokke stunts út, om yndruk op de direksje te meitsjen, dat er hast syn oanstelling ferspile. Letter die er it rêstichoan oer en waard er oannaam. Dêr moete MermozAntoine de Saint-Exupéry ek foar it earst. Yn tsjinst fan deCompagnie Générale Aéropostale ,reizge Mermoz neiMarokko,Senegal en oareAfrikaanske kriten.
Yn 1926 kresjte er mei syn tastel yn deSahara. Hy waard gizele troch in groep rebellearjendeTûaregs, mar oerlibbe it aventoer.
Latécoère sette 1927 útein mei it bouwen fan syn eigen merk fleanmasines om de âldeBreguet 14 út deEarste Wrâldkriich te ferfangen. It die bliken dat deLatécoère 25, (of "Laté 25") en letter ek deLatécoère 26 enLatécoère 28 goed foldienen op de flechten fan Marokko nei Senegal ; Mermoz hat dy nije types ferskate kearen sels flein op dy rûtes.
Afrika wie lykwols mar it begjin. Latécoère syn doel wie it stiftsjen fan in direkte loftline tusken Frankryk en Súd-Amearika. Tsjin 1929 waard dúdlik dat in kommersjele fleanrûte nei Súd-Amearika ekonomysk út koe foar Frankryk, dat Mermoz en oaren besochten oer deAndes hinne te fleanen. It die Mermoz bliken dat de fleanomstannichheden boppe de Andes swier wienen, dochs waard hy de wichtichste piloat fan it projekt, hy moast en soe deStille Oseaan berikke. Dat slagge him, nei ferskate tuskenlâningen berikte erSantiago ynSily. Yn dy tiid besleat er ek om nachts te fleanen, om tiid te besparjen, mei help fan ljochtbeakens en fjoerpylken. Syn kollega fleanders hienen frijwat muoite mei dy gefaarlike eksperiminten om’t sy wisten dat sy dat letter ek dwaan moasten at it slagge.Yn dy tiid wienen transatlantyske flechten noch net mooglik, stoomboaten ferbûnen beide helten fan de loftline.
Nei de flecht fan Saint-Louis, yn Senegal, neiNatal ynBrazylje 12-13 maaie 1930, wie de line lykwols kompleet. Spitigernôch die bliken dat de spesjaal tarette Laté 28 "Comte-de-la-Vaulx" net betrouber genôch wie, op de weromreis stoarte it tastel yn see. Mermoz, syn twa bemanningsleden en de post koe rêden wurde, mar it tastel gie ferlern.
Yn 1933 waard Mermoz beneamd tan algemien ynspekteur byAir France. Itselde jier kaam hy yn Argentynje oan dêr’t er tegearre mei Saint-Exupéry in wichtich persoan wie yn de begjinjierren fan wat letterAerolíneas Argentinas wurde soe. Mermoz en Saint-Exupéry makken in protte gefaarlike flechten foar de nije maatskippij. Sy wurde beskôge as twa fan de meast wichtige manlju yn de skiednis fan de kommersjele fleanderij fan Argentynje. Fan 1934 oant 1936 fleach Mermoz 25 partikuliere ekspedysjes meiLatécoère 300 fleanmasines. Hy fleach yn 1935 ek mei dede Havilland DH.88 "Comet".
Op 7 desimber 1936 krige Mermoz motorproblemen mei synLatécoère 300Croix du Sud. Om net wachtsje te hoegen op de tarieding fan in oar tastel sette er nei in hastige reparaasje wer yn itselde tastel ôf; hy wie benaud dat er oars de post te let ôfleverje soe. (Syn lêste wurden foardat er oan boar gie wienen: "Fluch mar, lit ús gjin tiid mear fergrieme.")
Fjouwer oeren letter ûntfong in radiostasjon in koart berjocht dêr’t Mermoz yn sei dat er de motor lofts-efter útsette moatten hie. It boadskip waard ynienen ûnderbrutsen. Fierder kamen gjin berjochten mear troch. Fan de Laté 300 en har bemanning waard nea wer in spoar fûn.
Der wurdt tocht dat de motor dy’t men besocht te meitsjen syn propeller yn de flecht ferlern hat. Meidat it ien fan de efterste propellers wie, sil de yn de rûnte giseljende losse propeller fermoedlik de sturt fernield hawwe sadat it tastel folslein ûnbestjoerber waard en fuortendaliks delstoarte.Henri Guillaumet, ien fan Mermoz syn kollegafleanders, hie in stikmannich moannen earder deselde problemen hân mei in foarste propeller, mar it wie him wol slagge om te lânjen.
Bemanning op 12 july 1936:
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|