Jan Thomas (Easterlittens,28 jannewaris1682 -Surhústerfean,26 july1744) wie inboer endopersk (leafde)preker.
Yn1714 waard er beroppen opIt Hearrenfean-De Knipe. Troch syn frijsinnigens hied er dêr ek in soad grifformearde tsjerkegongers.Al in yn1716 printe preek hie degrifformearde klassis fanSânwâlden argewaasje jûn, mar in op It Hearrenfean útjûn kategesaasjeboekjeKort Onderwijs voor de Jeugt út1719 wie oanlieding ta maatregels. Nei in ferhoar troch de klassis en degrytman fanSkoatterlân waard hy út it amt set, wat de Steaten bekrêftigen. Yn1720 skynt de skorsing opheft te wêzen. Hy naam ôfskied fan de gemeente It Hearrenfean (3 novimber 1720), dêrnei waard Jan Thomas preker yn Surhústerfean (1722-1744). Jan Joghems, in menniste learaar fanDrachten betocht him yn in 'lykreden'. De preek fan 1716 hat as tajefte: "Den eersten Psalm op het plat frijs berijmd'.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|