Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Jan Tekstra

Ut Wikipedy
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge omdêr in begjin mei te meitsjen



Jan Tekstra
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJan Tekstra
nasjonaliteitNederlânsk
berne4 augustus1964
etnisiteitFrysk
wurkpaad
berop/amtLietsjeskriuwer,
Muzykprodusint,
komponist,
reden
  bekendheid
Lietsjekriuwer fan û/oMarco Borsato enVolumia
offisjele webside
webstee fan Jan Tekstra

Jan Tekstra (4 augustus1964) is sjonger, gitarist,muzykprodusint,lietsjeskriuwer enkomponist. Hy sjongt yn itFrysk,Hollânsk enIngelsk.

Hy wennet sûnt1998 ynHeech en is benammen bekend fan syn nûmers dy't hy skreaun hat foarMarco Borsato,Herman Brood,Liesbeth List enVolumia. Hy komponearre de muzyk fan demusikal Turksk Fruit. Dêrneist is Tekstraproducer, ûnder oaren foar Marco Borsato enKane. Tegearre mei Fons Merkies komponearde hy de muzyk foar Turks Fruit. Ek hat Tekstra de muzikale lieding fan dy musical basearre op it boekTurks fruit fanJan Wolkers.Tekstra wurke mei oan ferskate Fryske teaterproduksjes lykasDe Palingopera (1998) enDûbbeldjêrre (by gelegenheid fan it 15-jierrich bestean fanAaipop yn 2002). Dêryn ferfolle hy teffens haadrollen.

Jan Tekstra spile yn de bandsTexx enIn De Steen. Ek die hy mei oan incd fanPiter Wilkens. Mei Monique Bakker song hy it duet 'Sûnder dy'. Yn 2000 ferskynde syn earste single en yn 2002 syn earste cd mei Fryske ferskes. Oan dy cd wurken ek Wiboud Burkens (toetsen), Manuel Hugas (bas), Ton Dijkman (drums) en in koarke mei Ivar en Lydia van der Meer mei. Yn2003 hat hySyb van der Ploeg as sjonger ferfongen byDe Kast. Yn jannewaris2004 waard De Kast opheft en is hy fierder gong mei projekten, lykasTurks Fruit enJan Rap en z'n maat (dy lêste as akteur).

Diskografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • Blijf (2009)
  • Tussen zoet en zout (DVD, 2004)
  • Keale Ferskes (2002)
  • Alde Leafde (2000)
  • Nooit meer weg (1999)
mei oaren
  • De Nije Kast (mei De Kast, 2003)
  • In de Steen'’ (mei de band In de Steen, 1996)
  • Drowning in the Sea of Love(mei de band Texx, 1991)
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Jan_Tekstra&oldid=1073742"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp