Jan Janssen | ||
![]() | ||
![]() | ||
Jan Janssen, augustus 1968 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jan Janssen | |
nasjonaliteit | ![]() | |
bertedatum | 19 maaie1940 | |
berteplak | Nootdorp | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Hurdfytsen | |
ûnderdiel | Dykhurdfytsen | |
earste titel | Omgong fan Limboarch (1961) | |
O.S. | Rome 1960 | |
debút | 1962 | |
karriêre-ein | 1972 | |
wichtige prestaasjes | ||
Omgong fan Spanje (1967), Omgong fan Frankryk (1968), Parys-Nice (1964), Parys-Roubaix (1967), Wrâldkampioenskip (1964) |
Jan Janssen (Nootdorp,19 maaie1940) is de earste Nederlânskehurdfytser dy't deOmgong fan Frankryk wûn hat.
As amateur wûn Janssen in ferskaat oanklassikers; hy blonk út yn deTour de L'Avenir. Syn profkarriêre boude er stadichoan op ynFrankryk. By syn debút yn de Omgong fan Frankryk yn1963 wûn er ien etappe. Troch in swiere fal koe hy dy edysje fan de omgong lykwols net útride.
It jier1964 kaam de grutte trochbraak foar Janssen yn it profpeloton. Hy wûn de meardeiske klassikerParys-Nice en letter dat jier wûn er yn de Omgong fan Frankryk sawol twa etappes as it griene trui, de trui foar de winner fan it punteklassemint. Datselde jier behelle er by de wrâldkampioenskippen ynSallanches de wrâldtitel hurdfytsen op de wei.
It jier dêrop brocht Jansen wer it griene trui nei Parys. Yn1966 ferspile hy de einoerwinning yn de omgong oan de FrânsmanLucien Aimar en moast er tefreden wêze mei it twadde plak.
Yn de Omgong fan Frankryk fan1967 einige er as nûmer fiif yn it algemien klassemint en as nûmer ien yn it punteklassemint. Dizze goede einklassearing en it feit dat er letter dat jier deOmgong fan Spanje op syn namme brocht, makke wol dúdlik dat hy ea de Omgong fan Frankryk winne koe.
Yn1968 wûn Jan Janssen as earste Nederlânner deOmgong fan Frankryk. Yn in omgong fan 26 etappes fan yn totaal 4.685 km wie hy úteinlik 38 sekonden rapper as de nûmer twa,Herman van Springel (Belgje), en 3'03" as de nûmer trije,Ferdinand Bracke (Belgje).
De oare Nederlanners yn dizze omgong wiene:Eddy Beugel,Arie den Hartog,Evert Dolman,Henk Nijdam,Harm Ottenbros,Wim Schepers,Jos van der Vleuten,Gérard Vianen enHubertus Zilverberg.
Neist dizze oerwinning, it hichtepunt yn syn yndrukwekkende karriêre, wûn Janssen ek noch in tal wichtige iendaagse klassikers. Hy hie ek sukses as baanhurdfytser; yn dy sport wûn er seis kear in seisdaagse, wêrfan trije kear tegearre mei de ferneamde hurdfytserPeter Post.
Ein1972 hong er de fyts yn 'e wylgen. Yn totaal hie er doe 168 oerwinnings as profhurdfytser behelle. Nei syn hurdfytsperioade hat Janssen syn eigen fytsmerk op de merk brocht. Dat suksefol bedriuw fiert er no noch, mei syn beide soannen.