Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Jalke Klijnsma

Ut Wikipedy
Jalke Klijnsma
politikus
echte nammeJalke Klijnsma
nasjonaliteitNederlânsk
bertedatum2 augustus1912
berteplakEastersee
stjerdatum22 desimber1984
stjerplakBeilen
etnisiteitFrysk
partijCHU
boargemaster fan Sleat
amtsperioade1958-1972
foargongerRuurd Alta
opfolgerHerman van Zwieten

Jalke Klijnsma (Eastersee,2 augustus1912Beilen,22 desimber1984) wie in Nederlânskpolitikus út namme fan deCHU.

Hy waard yn de gemeenteLemsterlân berne as soan fan smid Wiebe Klijnsma (1884-1952) en Ytje van den Bos (1885-1962). Hy begûn syn amtlike karriêre yn 1930 asfolontêr by de gemeentesekretary fanSleat en waard dêr letter oansteld as amtner op de sekretary. Yn 1936 gyng er as adjunkt-kommys oan 'e gong by de gemeente Lemsterlân. Dêr promovearre er ta kommys. Yn 1946 makke er de oerstap nei de gemeenteKrommenie dêr't er it brocht ta haadkommys.
Yn 1953 kaam er werom ynFryslân út reden fan syn beneaming ta gemeentesekretaris fanHemelumer Oldephaert en Noordwolde. Fan maart 1958 ôf wie Klijnsma deboargemaster fan Sleat.
Yn 1971 gyng er mei sykteferlof en yn 1972 krige er ûntslach.

Klijnsma ferstoar ein 1984 op de âlderdom fan 72 jier.

Sjoch ek

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Jalke_Klijnsma&oldid=1092378"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp