Fan links nei rjochts: inA-10 Thunderbolt II,F-86 Sabre,P-38 Lightning enP-51 Mustang fleane yn formaasje foar in loftfeartshow. Yn de formaasje fleane twa generaasjes jachtfleantugen: twa propellerfleantugen en twa strieljagers
Injachtfleanmasine,jachtfleantúch ofjager is inmilitêrefleanmasine dy't benammen ûntwurpen is foarloftgefjochten mei oare soksoarte fleanmasinen. De wichtichste skaaimerken fan in jachtfleanmasine binne net inkeld synfjoerkrêft, mar fral ek synfaasje en manûvrearberens yn ferhâlding ta it model fleanmasine dêr't er it tsjin opnimme moat. Sokke fleanmasinen kinne sawol oanfallend as ferdigenjend ynset wurde. Moderne jachtfleanmasinen, dy't meistrielmotors tarist binne, wurde yn 'e regelstrieljagers neamd.
It wichtichstetaktyske doel fan in jachtfleanmasine is omloftoerwicht boppe in slachfjild te fêstigjen. As it loftrom dêre ienris behearske wurdt, binne de eigengrûntroepen ofoarlochsskippen frijwarre fan loftoanfallen troch de fijân, en kinne de grûntroepen of skippen fan 'e fijân krekt straffeleas út 'e loft wei oanfallen wurde. It slagjen of mislearjen fan it beheljen fan loftoerwicht hinget gear mei ferskate faktoaren, wêrûnder it tal jachtfleanmasinen dat beskikber is, de kapasiteiten fan dy jachtfleanmasinen yn ferhâlding ta de jachtfleanmasinen fan 'e fijân, de training fan 'epiloaten en de wize fan it ynsetten fan 'e jachtfleanmasinen troch de legerlieding.
In protte jachtfleanmasinen hawwe sekundêre kapasiteiten njonken harren primêre fermogen om loftgefjochten oan te gean. Sa kinne de measte jachtfleanmasinen ek grûndoelen oanfalle mei harrenboardkanonnen.Jachtbommesmiters binne ûntwurpen foar de dûbele rol fan jachtfleanmasine enbommesmiter. Oare soarten jachtfleanmasinen binne spesjaal ûntwurpen foar beskate ûnderdielen fan loftgefjochten, lykasûnderskeppingsjagers,swiere jachtfleanmasinen en yndertiidnachtjagers.
Jachtfleanmasinen kinne tsjintwurdich tarist wêze mei fiif soartenwapens:kanonnen (de saneamde 'boardkanonnen'),stjoerde raketten,net-stjoerde projektilen,bommen entorpedo's. Bommen, raketten en torpedo's wurde almeast ûnder dewjukken befêstige. De kanonnen sitte yn 'e measte jachtfleanmasinen yn 'e noas fan it tastel. Guon stjoerde raketten hawwe inynfrareadsensor dy't ôfgiet op inwaarmteboarne, lykas de strielmotor fan it fijannige fleantúch. Bommen falle troch deswiertekrêft gewoan nei ûnderen, hoewol skean nei foarren fanwegen de faasje dy't de fleanmasine hat as it se loslit. Net-stjoerde projektilen binne almeast raketten dy't op eigen krêft fleane mar net fan rjochting feroarje kinne.