Aasen wie in boeresoan út West-Noarwegen. Fan1843 oant 1846 bereizge er it westen fan it lân en sammele wilens skaaimerken en wurden fan de ferskatedialekten dy't dêr sprutsen waarden. Ut dy dialekten stalde er in skriuwtaal gear; degrammatika publisearre er1864 en yn1873 ferskynde it wurdboek fan itNynorsk. Hy brûkte syn nije taal sels yn literêre teksten en krige rillegau in protte oanhingers. Yn1892 waard itLandsmål (de lânstaal) lyksteld oan itRiksmål (de rykstaal).
Språkåret 2013 (it taaljier 2013) fierde Ivar Aasen syn 200e jierdei,[1] en de hûndertste jierdei fanDet Norske Teateret. De klam ynSpråkåret 2013 lei op it taalferskaat yn Noarwegen.[2] De kranteBergens Tidende, dy't gewoanwei yn itbokmål publisearret, publisearre 5 augustus 2013 in edysje yn itnynorsk ta oantins fan Aasen.[3]