Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Italjaansk

Ut Wikipedy
Italjaansk
algemien
eigen nammeItaliano
lânseigen ynItaalje,Switserlân (Ticino enGraubünden),San Marino,Fatikaanstêd. Ek yn de grinsgebieten fanSloveenje,Frankryk enMonako. YnKroaasje benammen troch âlderen. As ymmigrantetalen yn û.o.Feriene Steaten,Argentynje enBrazylje
tal sprekkers65.000.000
skriftLatynsk alfabet
taalsibskip
taalfamyljeYndo-Jeropeesk
taalstatus
offisjele statusoffisjele taal
taalkoades
ISO 639-1it
ISO 639-2ita
ISO 639-3ita

Italjaansk is inRomaanske taal dy't oeral op de wrâld troch om-ende-by 65 miljoen minsken sprutsen wurdt. It is de offisjele taal fanItaalje,San Marino,Fatikaanstêd en yn parten fanSwitserlân. Yn de taal binne in soaddialekten te ûnderskieden.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It Italjaansk stamt ôf fan it fulgêrLatyn, de sprutsen ferzje fan deRomeinske taal, dy't lange tiid neist de offisjele skreaune ferzje bestie en dêr't ek alle oare Romaanske talen út foartkomme. De âldste teksten yn de taal komme út de10e iuw. Fierders is der protte út de14e iuw, bygelyks de wurken fan de ferneamde FlorentyskeDante Aligiery, mar ek dat fanPetrarsa enBokkakkio. Dizze trije wurde beskôge as de grûnlizzers fan de Italjaanske literatuer.

Taal en dialekten

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It standert-Italjaansk hat him ûntwikkele út it dialekt dat yn de14e iuw sprutsen waard ynToskane (de omkriten fanFlorâns). Yn dat dialekt skreauDante Aligiery synDivina Commedia. Oars as faaks tocht wurdt, binne de dialekten yn Itaalje net ôflaat fan it standert-Italjaansk, mar komme se allegearre fuort út it fulgêr Latynsk.

De ferskate dialekten ferskile nochal fan it standerd-Italjaansk. Foar de komst fan de telefyzje koenen de measte Italjanen allinnich har eigen pleatslik dialekt sprekke en koenen sy har ûnderling amperoan ferstean en begripe.

OpKorsika en parten fanSardynje wurde dialekten sprutsen dy't in soad lykje op dy fan de fêstewal, mar dy't om kultuerele redenen faak sjoen wurde as op himsels steande talen, útsein it Logudoreesk dat yn alle gefallen wol as in aparte taal beskôge wurdt.

It Italjaansk wurdt skreaun yn itLatynske alfabet. It wurdtfonetysk skreaun, wat der op del komt dat ien dy't de útspraakregels ken, net folle muoite hawwe sil mei it skriuwen en fansels oarsom. Ek wurde yn it Italjaansk alle wurdlidden fan in wurd útsprutsen. It Italjaanskealfabet bestiet út 21 letters, de J, K, W, X en Y ûntbrekke, mar kinne wol foarkomme yn lienwurden út bygelyksGryksk enIngelsk. Italjaanske wurden einigje sawat altyd op in lûd.

Grammatika

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It Italjaansk ken twa geslachten: manlik en froulik. Haadwurden dy't op in -o einigje binne sawat altyd manlik, haadwurden dy't op in -a einigje binne sawat altyd foulik. De haadwurden dy't op in -e einigje kinne sawol manlik as foulik wêze.[1]

De meartalsfoarming is yn it Italjaansk tige ienfâldich. De haadwurden einigje yn it inkelfâld sawat altyd op -o, -a of -e. Hâldt it wurd op mei in -o of -e dan wurdt it y as meartal -i, bygelyks by letto - letti (bêd - bêden). Hâldt it wurd op mei in -a, dan wurdt it meartal -e, bygelyks chiesa - chiese (tsjerke - tsjerken). In protte lienwurden, wurden dy't einigje op in twalûd (film), wurden dy't ôflaat binne fan in oarspronklik langere foarm (foto fan fotografia) en wurden mei in aksint op it lêste wurdlid (tabù) feroarje as meartal net.

Literatuer

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Berloco 2018
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Italjaansk&oldid=1177293"
Kategoryen:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp