Isis is de namme fan ien fan de wichtichstegoadinnen fan deEgyptyske mytology, dêr't de ferearing fan him oer de Gryksk-Romeinske wrâld fersparate. Hja wie in typyskememmegoadinne en symboalisearre de fruchtberens. Har foarnaamste hillichdom wie op it eilantsjePhilae dêr't in timpel stie. Sy wie frou fanOsiris.
Isis waard foar it earst neamd yn itAlde Ryk (2686 f.Kr. - 2181 f.Kr.) as ien fan de haadpersoanen fan de Osirismyte, dêr't se har deade broer en man, de godlike kening Osiris wer ta libben tewekker makke en syn erfgenamt,Horus, fuortbringt en beskermet. Men leaude dat se de deaden holp ithjirneimels yn te gean lykas se Osiris holpen hie en se waard beskôge as in godlike mem fan defarao, dy't mei Horus ferlike waard. Har memmehelp waard yn genêzingsspreuken oanroppen ta it foardiel fan de gewoane minsken. Oarspronklik spile se in beheinde rol yn keninklike riuelen en timpelrituelen, hoewol't se promininter oanwêzich wie yn begraffenispraktiken en magyske teksten. Yn 'e keunst waard se almeast ôfbylde as in minsklike frou mei in troaneftigehieroglyf op har holle. Yn itNije Ryk (1550 f.Kr. -1070 f.Kr., doe't se eigenskippen oannaam dy't oarspronklik oanHathor, de goadinne by útstek, tahearde, waard Isis ôfbylde mei de holletoai fan Hathor: in sinneskiif tusken dehoarnen fan inko
Yn itearste milennium foar Kristus wiene Isis en Osiris de meast fereare Egyptyske godheden en Isis naam eigenskippen oer fan in soad oare goadinnen. Hearskers yn Egypte en de súdlike buorren,Núbje, boudentimpels dy't benammen oan Isis wijd waarden en har timpel inPhilae wie in religieus sintrum foar Egyptners en Núbjers. Har ûnderstelde magyske krêft wie grutter as dy fan oare goaden en der waard sein dat hja de natoerlike wrâld bestjoerde en macht hie oer itlot sels.
Yn 'eHellenistyske tiidrek (323 f.Kr. -30 f.Kr.), doe't Egypte trochGriken hearske en bewenne waard, waard Isis troch Griken en Egyptners fereare, mank mei in nijegod,Serapis. Harren ferearing fersprate him yn it bredereMiddellânske Seegebiet. De Grykske ferearders fan Isis skreaune har eigenskippen ta dy't se fan Grykske godheden oernommen hie, lykas de útfining fan it houlik en de beskerming fan skippen op see. Doe't de Hellenistyske kultuer yn 'e1e iuw f.Kr. troch itAlde Rome ynsûge waard, waard dekultus fan Isis in part fan deRomeinske religy. Dyjingen dy't har tawijd wiene, foarmen in lyts part fan de befolking fan itRomeinske Ryk, mar wiene oer it gânse ryk te finen. Har folgelingen ûntjoegen skaaimerkendefeesten lykas itNavigium Isidis, en ynwijingsrituelen dy't liken op dy fan oare Gryksk-Romeinskemystearjekultussen. Guon fan har dy't har tawijden, seine dat se alle froulike godlike krêften yn 'e wrâld omfieme.
It ferearjen fan Isis waard beëinige troch it kommen fan itkristendom yn 'e4e oant6e iuw n.Kr. Har ferearing kin ynfloed op 'e kristlike oertsjûgings en praktiken hân hawwe, lykas it ferearjen fanMarije, de mem fanJezus. It bewiis dêrfoar is lykwols dûbelsinnich en almeast kontroversjeel. Isis komt noch hieltyd yn 'eWesterske kultuer foar, benammen yn deesotearje en itmodern heidendom, gauris as personifikaasje fan de natoer of it froulike aspekt fan godlikens.