Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Iran

Ut Wikipedy
جمهوری اسلامی ايران
Jomhūrī-ye Eslāmī-ye Īrān
Flagge fan IranWapen fan Iran
FlaggeWapen
Lokaasje fan Iran
Offisjele taalPersysk
HaadstêdTeheran
SteatsfoarmIslamityske republyk
Gebiet
% wetter
1.648.195 km²
0,07­%
Ynwenners (2013)79.853.900(2013[1])
MuntRial (IRR)
TiidsôneUTC +3.30
Nasjonale feestdei12 juny
LânkoadeIRN
Ynternet.ir
Tillefoan98

Iran ofIraan, sûnt1979 offisjeel deIslamityske Republyk Iran, is in lân ynSúdwest-Aazje. De haadstêd isTeheran, deRahbar fan de Islamityske republyk is sûnt1989Ali Khamenei en presidint isHassan Rohani sûnt3 augustus2013.

De namme

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Iran waard oant1935 troch de wrâld meiPerzje oantsjutten wylst de ynwenners sels it lân Iran neamden. Dêrom frege de doetiidske Perzyske monarch, Reza Sjah, oan alle lannen om tenei de namme Iran te brûken. Iran hâldt yn 'Lan fan de Ariërs'. Nei in beswier fan de Perzyske/Iraanske learden, kundige it regear yn 1959 oan dat beide nammen offisjeel brûkt wurde meie. In ynwenner fan Iran/Perzje is in Iraniër of in Pers of yn it Perzysk; Irani of Pars (ایرانی).

Geografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Iran wurdt begrinzge troch:

Sicht op de heechste berch fan Iran, de pyk fan de Damavand ynAmol.

It lânskip fan Iran is oer it algemien skrok en bestiet foar it meastepart út bercheftige gebieten. Lizzend tusken de Kaspyske See en Perzyske Golf wurdt it yn it noarden begrinzge troch it 5604 meter hegeElbûrs-berchtme en yn it suden troch itZâgros-berchtme. It Heechlân fan Iran foarmet it grutste en sintrale gedielte en giet nei it easten oer yn deLût-woastyn.

Yn it noarden fan Iran lizzereinwâlden dy't de Jungle fan Iran neamd wurde. It easten bestiet benammen út woastynbekkens as de Dasht-e Kavir, Iran's grutstewoastyn en de Dasht-e Lût, en ek inkelesâltmarren. Trochdat de bergen tige heech binne kinne reinwolken út it noarden dizze gebieten net berikke en is it skrok. De ienige flakten fan Iran lizze oan de kust fan de Kaspyske See en yn it suden oan de Perzyske Golf dêr't deSjatt al-Arab (of Arabyske rivier) yn útmûnet.

Provinsjes

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De haadstêd fan Iran isTeheran. Oare wichtige stêden binneMashhad,Tabriz,Sjiraz,Abadan,Kerman,Zahedan,Karaj,Rashjt,Yazd,Hamadan,Chorramsjahr,Ahvaz,Urmia,Arak, de religieuze stêdQom en de âlde haadstêdIsfahan.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
De ruïnes fan it histoaryskePersepolis

Iran as lân hat in bysûnder lange skiednis en wurdt beskôge as ien fan de bakerkuorren fan de beskaving. De skiednis fan it ryk giet tebek oant de6e iuw f.Kr., doe'tSyrus de Grutte de fersprate folken gearbrocht ûnder syn hearskippij. Hy stifte itPerzyske Ryk, dat in enoarme macht berikte en in gebiet omfieme oan deMiddellânske See ta.

Yn de4e iuw f.Kr. oermastereAleksander de Grutte it Perzyske Ryk en fersloech keningDarius Kodomannus flakbyPersepolis. Nei syn dea waard it lân bestjoerd troch syn opfolgers, deHellenistyske (Grykske) klasse fan deSeleusiden. Letter fêstigen deParten en deSassaniden yn Iran machtige riken.

Troch deislamityskeArabieren waard yn de7e iuw in ein makke oan itPerzyske ryk fan de Sassaniden. ItArabyske Ryk dat dêrnei stifte waard hearske yn Iran oant de9e iuw. Doe ferlear it sintrale gesach fan deAbbasiden ynBagdad har autoriteit en foel Iran út inoar in lytse steatsjes.

Yn de11e iuw hienen deTurkskeSeltsjoeken it yn it gebiet foar it sizzen. Sy fersloegen de Arabieren en oermasteren op harren bar Iran. Mar ek it ryk fan de Seltsjoeken foel letter wer út inoar troch de komst fan deMongoalen yn de13e iuw.

Iran waard wer feriene yn de15e iuw troch de dynasty fan deSafawiden. Under harren hearskippij waard itSjiïsme de steatsgodstsjinst en kaam de Iraanske kultuer ta grutte bloei. Nei de Safawiden namen deKadjaren de macht oer. Yn dat tiidrek wie Iran ien fan de pear lannen yn Aazje dy't ûnôfhinklik bliuwe koe tsjin deWesterske wrâld oer, al hienen itFeriene Keninkryk enRuslân der wol in soad ynfloed.

Yn de20e iuw hearske der in skoftlang dePahlavi-dynasty. SjahReza Pahlavi en soanMohammed Reza Pahlavi regearden as in slach diktators. De befolking waard dêrby faak hurdhandich ûnderdrukt, mar dochs krigen de Pahlavi's stipe út it westen. DeIraanske Revolúsje, in grutte opstân fan de Iraanske befolking, twong desjah yn1979 it lân te ferlitten. De machtichste politike partij, dy fan de geastlikheid, keas der lang om let foar om de macht oan ien persoan te jaan:ayatollahRuhollah Khomeini. Sûnt dy tiid wurdt it lân neffens in troch him opstelde behâldende islamityske wetjouwing regeare. Yn1980 bruts der in bluodderige oarloch út mei it buorlânIrak. Dy kriich soe duorje oant1988 en einige net-útmakke.

Sûnt it presidintskip fan de herfoarming tadiene presidintMohammad Khatami wurdt it lân, dêr't mear as de helte fan de befolking jonger is as 30 jier, sa stadichoan modernisearre. De behâldende geastlike lieders hawwe it der lykwols foaral foar it sizzen en hâlde al te radikale herfoarmings tsjin.

Demografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Befolking fan Iran

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De befolking yn Iran is yn in koarte tiid hurd waakst. Yn 1900 wienen der tsien miljoen Iraniërs, tsjintwurdich binne it der sân kear safolle. Dizze rizing fan de befolking wie benammen grut nei deIraanske Revolúsje fan 1979. Tusken 1995 en 2005 naam de befolking ta mei 8,4 miljoen. De mearderheid fan de befolking is jonger as 30 jier.

Neffens it CIA World Factbook is de befolking ferdield yn de folgjende etnyske groepen:Perzen (51%),Azery's (24%),Gilaky enMazandarany (8%),Koerden (7%),Arabieren (3%),Baluchen (2%),Lurs (2%),Turkmenen (2%),Qashqai Turken,Armeenjers,Joaden,Assyriërs en oaren. Hjirby moat oantekene wurde dat oare boarnen oare persintaazjes jouwe.

Yn Iran is itSjiisme, in streaming yn deislam, steatsgodstsjinst, mar wurde ek oare religys praktisearre en tastien. Religy hat in tige grutte ynfloed op it deistige libben yn Iran. Yn de grûnwet is opnommen dat de Heechste lieder fan it lân altiten in geastlike wêze moat en dat alle wetsfoarstellen earst troch geastliken beoardield wurde moatte foardat syn yn wurking tredde kinne.

Op strjitte kontrolearret de religieuze polysje oft froulju harren wol oan de religeuske kleanfoarskriften hâlde. Ek wurdt kontrolearre op oar ûnseedlik gedrach. Under it freetemiddeisgebed wurdt neffens de islamitysjke tradyse inkhutbah of politike rede holden.

Fan de befolking fan Iran is 89% sjiiet en 9% prosint issoenniet. De soennieten binne fralKoerden yn it noardwesten,Beloetsjy yn it súdeasten enTurkmenen yn it noardeasten fan it lân. Ferspraat oer it lân wennen ek in protte neifolgers fan itsoefisme, mar dizze kinne sawol soennitysk as sjiitysk wêze. .

Utsein moslims libbe yn it lân noch wat lytse mienskippen fankristenen,joaden,zoroastristen enhindoes. Itbahá'í leauwen is ferbean en wurde ferfolge.

Boarnen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  1. http://www.un.org/esa/population/publications/wpp2007/WPP2007%20web/Countries/Iran%20(Islamic%20Republic%20of)/demographic.xml
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Iran&oldid=1024851"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp