Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Irak

Ut Wikipedy
الجمهورية العراقية
Al-Jumhuriyah Al-Iraqiyah
Flagge fan IrakWapen fan Irak
FlaggeWapen
Lokaasje fan Irak
Offisjele taalArabysk,Koerdysk
HaadstêdBaghdad
SteatsfoarmRepublyk
Gebiet
% wetter
437.072 km²
1,10­%
Ynwenners (2005)26.074.906
MuntDinar (IQD)
TiidsôneUTC +3
Nasjonale feestdei12 juny
LânkoadeIRQ
Ynternet.iq
Tillefoan964

Irak is in lân ynSúdwest-Aazje. De haadstêd isBagdad en de presidint fan de republyk is sûnt2005Jalal Talabani.

Irak wurdt begrinze troch:

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It tsjintwurdige Irak is itselde gebiet as it eardereMesopotaamje, en is wat gruttens oanbelangjend sawat itselde as doe. Mesopotaamje bestie út it lân tusken de rivierenEufraat enTigris. In protte beskavings hawwe oer Mesopotaamje hearske: deSumearjers,Assyrjers,Babyloanjers,Perzen enMassedoanjers. Yn de7e iuw waard Mesopotaamje troch deIslamityskeArabieren oermastere.

Fan de15e iuw ôf makke Irak diel út fan itOttomaanske Ryk, dat yn1917 ta fal brocht waard. By it ferparten fan it Ottomaanse Ryk troch deFolkebûn kaam Irak ûnderBritskmandaat.Faisal Ibn Hoessein waard troch de Britten as kening oansteld. De Britten hawwe Irak yn1932 selsstannich makke, mar yn1941 waard it opnij yn besit naam troch Grut-Brittanje; in militêre steatsgreep yn1958 makke in ein oan it keningskip dat de Britten oplein hienen.

Yn1979 waardSaddam Hoessein de machtichste man yn deBa'ath-partij en dêrmei ek fan it lân. Troch him waard op hurdhandige wize in ein makke oan alle opposysje.

Under syn bewâld fierde Irak in sân jier-duorjende kriich mei buorlânIran, deIran-Irakoarloch. Tagelyk mei de oarloch fûn ek deal-Anfal-kampanje plak, dêr't deKoerden by twongen waarden te ferfarren om plak te meitsjen foarArabieren. De oanfal op it doarpHalabja wie hjir in part fan.

Op2 augustus1990 anneksearre Irak it folle lytsere buorlânKoeweit. Dit wie it begjin fan deGolfoarloch. Koeweit waard yn 1991 troch in ynternasjonale koalysje befrijd yn de militêre operaasjeDesert Storm. It loftrek yn it noarden en it suden fan Irak waard dêrnei oernommen troch de Feriene Steaten, Frankryk en Grut-Brittanje, neffens de útkomst fan FN-resolúsje 688.

Mei it ferlechje dat Irak kearnwapens of gemyske wapens hawwe soe foelen deFeriene Steaten en bûnsgenoaten it lân yn 2003 binnen, wat late ta deIrakkriich. Hjirby waard in ein makke oan it bewâld fan Saddam Hoessein. Om't der noch gjin oare autoriteit is dy sterk genôch is om it lân bestjoere te kinnen binne de oanfallers noch hieltyd yn it lân om te besykjen de frede dêr te hanthavenjen.

Geografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It lân bestiet foar in grut part útwoastyn ensteppes, mar it gebiet tusken de twa grutterivieren deEufraat en deTigris is fruchtber. De twa rivieren komme yn it noardwesten út Syrje it lân binnen, trochkrusen in grut part fan it lân en komme dan út yn dePerzyske Golf. It noarden is bercheftich, mei as heechste punt deHaji Ibrahim op 3.600 meter.

Der is inwoastynklimaat mei drûge en hite simmers en mylde en Kûle winters. De temperatueren kinne simmers de 50 °C helje. De measte delslach falt tusken desimber en april en dan benammen yn it noarden.

Demografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De wichtichste befolkingsgroepen yn Irak binne deArabieren, deKoerden en yn wat mindere mate deTurkmenen. Fierders wenje der ek kristlikeAssyrjers enAramejers yn Irak.

Yn de midden en suden fan Irak wenje Arabieren wêrfan it meastepart, om-ende-by 60% fan de totale befolking,sjiïtyske binne. Hja wenje benammen yn it suden, dêr't him ek de hillige stêden fan de sjiïten,Karbala enNajaf, binne. Dêrnjonken wennet in grutte groep Sjiïten yn Bagdad, foaral yn de 'wyk'Sadr-stêd.

Yn it midden fan Irak, yn de saneamdeSoennityske trijehoek, wenje benammensoennityske Arabieren, dy't likernôch 20% fan de befolking útmeitsje.

De foaral soennytyskeKoerden libje yn it noarden fan Irak, dat ek wol IraakskKoerdistan neamd wurdt. De Koerden hawwe in grutte mate fan selsstannigens. Hja meitsje 20% fan de totale Iraakske befolking út en hawwe in eigen taal, itKoerdysk, en in eigen kultuer.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Irak&oldid=1005385"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp