De IMDb ûntstie yn1990 fanút rec.arts.movies, innijsgroep meiynternetbrûkers fan 'e earste oere dy't in foarleafde foarfilms en defilmyndustry mei-inoar dielden. De eigentlike oprjochter wieCol Needham, dy't syn fluch ta in profesjoneelbedriuw útgroeiende leafhawwerij yn1998 foar grou jild fan 'e hân die oanAmazon.com. Sûnt2003 hat de IMDb ek in aparte betelle seksje, dy't IMDbPro hjit. Dy biedt de hiele ynhâld fan 'e IMDb, oanfolle mei ekstra gegevens foar lju dy't yn 'e filmyndustry wurksum binne, lykas kontaktynformaasje,evenemintekalinders en nijs út 'eentertainmentyndustry. Der bestie ek lange tiid in fergees tagonklikmessage board, in soarte fanynternetfoarum, by eltse opnommen titel en persoan, mar dy funksje waard op19 febrewaris2017 opheft.
Yn2013 wie de IMDb útwoeksen ta in ynternetargyf mei ynformaasje oer mear as 2,5 miljoen film- en tillefyzjetitels en mear as 5,5 miljoen persoanen fan oer de hiele wrâld. De webside wurdt eltse moanne troch mear as 150 miljoen minsken besocht, en wurdt ûnderholden troch likernôch 35foltiidsmeiwurkers. Inkritykpunt dat gauris heard wurdt, is wol dat de IMDb sterk op 'eWesterske film- en tillefyzjeyndustry rjochte is, mei as gefolch datBollywood (de filmyndustry fanYndia) enNollywood (de filmyndustry fanNigearia) yn 'e database oan 't krapperein komme.