Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Indian River Reservaat

Ut Wikipedy
Indian River Reservaat
Indian River Reserve
polityk
haadplak— (ûnbewenne)
stammeTsjippewa's fan Rama
Wahta Mohôks
lânKanada
provinsjeOntario
distriktMuskoka
sifers
ynwenners0(ûnbewenne)
oerflak0,01 km²
bef.tichth.n.f.t.
oar
tiidsôneUTC –5
simmertiidUTC –4
kaart
Indian River Reservaat (Ontario)
Indian River Reservaat
De lizzing fan it reservaat ynOntario.

ItIndian River Reservaat (Ingelsk:Indian River Reserve) is inYndianereservaat yn it suden fan 'eKanadeeskeprovinsjeOntario, deunby itdoarpPort Carling. It leit oan 'eiggen fan 'erivier deIndian River en fan 'eRosseau-mar en wurdt omjûn troch it grûngebiet fan 'egemeenteMuskoka Lakes.

It Indian River Reservaat hat inoerflak fan persiis 1 ha, en leit binnen de grinzen fan itdistriktMuskoka, hoewol't it dêrbestjoerlik fierhinne los fan stiet. It reservaat hat gjin permaninte bewenners, en wurdt dield troch twaYndiaanskestamme-organisaasjes, te witten: deTsjippewa's fan Rama Earste Naasje, wêrfan't de leden útetnyskeOdjibwe (Ojibwe) of Tsjippewa (Chippewa) besteane, en deWahta Mohôks, wêrfan't de leden etnyskeMohôk (Mohawk) binne.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

(in)Profyl fan it Indian River Reservaat op 'e webside fan Indigenous and Northern Affairs Canada

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Indian_River_Reservaat&oldid=1097431"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp