Dizze side giet oerde Amerikaanske steat Illinois. Foar oare betsjuttings, sjoch:Illinois (betsjuttingsside).
Illinois is in steat yn deFeriene Steaten fan Amearika. De haadstêd isSpringfield.
Illinois is ferneamd nei inYndianestam en waard op3 desimber1818 de 21e steat fan de Feriene Steaten.
Tidens deAmerikaanske Boargeroarloch hearde Illinois ta de Uny.
De steat Illinois is 149.998 km² grut en leit yn deSintral-tiidsône. It heechste punt is de pyk fan Charles Mound (376 meter). Yn it noarden grinzet it gebiet oan deMichiganmar (Grutte Marren) en de steatWiskonsin, yn it westen oanIowa enMissoury en yn it easten oanIndiana enKentucky.
De hiele westgrins wurdt foarme troch de rivier deMississippy. Dwers troch de steat rint de rivier deIllinois, dy't yn de Mississippy útmûnet. Dy útrin is tige breed.
Fierwei de grutste attraksje isChicago, mei har musea, wolkenskrabers, arsjitektuer, deMichiganmar en de direkte omjouwing.
Oare Nijsgjirrichheden binne:
- National Historic Trail
- Illinois & Michigan Canal National Heritage Corridor
- Lewis & Clark National Historic Trail
- Mormon Pioneer National Historic Trail
- Trail Of Tears National Historic Trail
- De histoaryskeRoute 66 fan Chicago neiLos Angeles, ûnder oare besongen troch deRolling Stones
Yn de haadstêd Springfield stiet it hûs fan presidintAbraham Lincoln. YnTampico is ek it bertehûs fan de eartiidske presidintRonald Reagan iepen foar publyk.
Illinois beskikt oer in grut oantal steatsparken, wêrûnder it Starved Rock Park oan de Illinois rivier. Yn dat park leit in heuvel dêr't Yndiaanske stammen tsjin mekoar fjochten hawwe.