Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Iis

Ut Wikipedy
In blok iis.
Dizze side giet oerbeferzen wetter. Foar oare betsjuttings, sjoch:iis (betsjuttingsside).

Iis iswetter (H2O) datbeferzen is ta infêste foarm. Ofhinklik fan 'e oanwêzigens fanûnsuverheden lykasdieltsjesierde of bûlenlucht kin it trochsichtich lykje of inblau-witige ûntrochsichtigekleur hawwe. Iis komt foar op 'eIerde en dêrbûten. Op 'e Ierde is it benammen te finen yn 'e poalstreken en ynheechberchtmen, hoewol't it ek foarkomt as foarm fandelslach. It kin op ferskate manearen ûntstean en wer ferdwine. De minske makket gebrûk fan iis foar û.m. kuolling enwintersporten. Ek de fêste foarmen fan oare stoffen as wetter wurde wol oantsjut as 'iis'.

Bûtenierdsk iis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn itSinnestelsel is iis yn oerfloed oanwêzich en komt it fannatuere foar fanMerkuerius, deplaneet dy't it tichtst by desinne stiet, oant op 'easteroïden fan 'eOortwolk, dy't it fierst fan 'e Sinne ferwidere binne en dochs noch ta it Sinnestelsel hearre. Bûten it Sinnestelsel komt iis foar yn 'e foarm fanynterstellêr iis.

In beferzenwetterfal yn 'eAmerikaanske steatNew York.

Iis op 'e Ierde

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Op it oerflak fan 'eIerde is iis benammen te finen yn 'e neite fan 'eNoardpoal en deSúdpoal yn 'e foarm fan itpoaliis, dat dêr deiiskappen foarmet. Oplân, lykas ynGrienlân of opAntarktika, sprekt men fanlâniis, en op iepensee fansee-iis. Bûten de poalstreken komt iis it hiele jier rûn foar boppe desniegrins ynberchtmen.

Sawol by de poalen as yn berchtmen kommegletsjers foar: dat binne hiel stadich bewegende streamen fan iis. De bestudearring dêrfan is deglasiology. Yn 'e poalregio's bewege gletsjers neisee ta; as se dy berikke, brekke der ûnbidige stikken iis ôf dy't neitiid yn see omdriuwe asiisbergen. Lytsere omdriuwende stikken iis binneiisskossen, dy'tpakiis foarmje kinne as se troch deseestreaming of dewyn ticht opinoar pakt wurde. Yn berchtmen einigje gletsjers op it punt dêr't it iisraant fanwegen de hegeretemperatueren op legere hichten, wêrnei't de gletsjer oergiet yn inbeek of inrivier.

By 'twinter kin iis, ôfhinklik fan itklimaat, ek foarkomme yn leger leine gebieten dy't net deunby de poalen lizze.Histoarysk wiene der geregeldwei tiden dat de Ierdekâlder is as no, mei as gefolch dat de iiskappen folle gruttere dielen fan 'e wrâld besloegen. Dy perioaden wurdeiistiden neamd. Iis komt ek foar assnie enhagel, dat foarmen fandelslach binne, en as oanfriezing fanrein, in ferskynsel datizel hjit. It spilet dêrmei in rol fan krúsjaal belang yn 'ewettersyklus fan 'e Ierde.

Inberipebeam yn 'eAmerikaanske steatMassachusetts.

Skaaimerken fan iis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Iismolekulen kinne foarkomme yn teminsten achttjin ûnderskatefazen, ôfhinklik fantemperatuer enluchtdruk. Frijwol alle iis op it oerflak fan 'e Ierde hat de foarm fan inheksagonalekristalstruktuer, dy't oantsjut wurdt asiis Ih (útspr. as "iis ien h"), fermongen mei minuskule spoaren fan kubyk iis, dat oantsjut wurdt asiis Ic. De meast foarkommendefazetransysje dy't liedt ta de foarming fan iis Ih fynt plak asfloeiberwetter bystandertatmosfeardruk ôfkuolle wurdt oant ûnder 0 °C, wat oerienkomt mei 273,15 K en 32 °F. Dat proses hjit befriezing.

Iis Ih kin lykwols ek ûntstean troch it direkt oanfriezen op in fêst oerflak fanwetterdamp, wêrby't it floeistofstadium oerslein wurdt. Oanfriezing fan wetterdamp opbeammen en oare natuerlike oerflakken wurdtryp of rûchfroast neamd. De oare kant út wurdt de fazetransysje fan iis ta wetter yn it algemienranen neamd en yn 'e spesifike gefallen fan snie en natueriisteien. De transysje fan iis streekrjocht ta wetterdamp hjitsublimaasje.

It 'rispjen' fan iis yn 'eMichiganmar om yniiskelders opslein te wurden foar kuolling (1905).

Minsklik gebrûk fan iis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Deminske makket op in protte ferskillende manearen gebrûk fan iis. Foarhinne waard iis by 'twinter wol út 'ebinnenwetters hakke en ûndergrûnsk opslein yn saneamdeiiskelders. Dêr bleau it dan faak de hielesimmer beferzen en sa koebedjerlikiten goedholden wurde troch it yn 'e iiskelders op te slaan. Soks waard mei de yntroduksje fan 'ekuolkast oerstallich. Wol wurdeiisblokjes noch altyd brûkt omalkohoalyskedrankjes te fertinjen en koel te hâlden. Tsjintwurdich is iis benammen wichtich foarwintersporten ashurdriden,keunstriden,iishockey encurling. Dêrfoar waard yn itferline inkeldnatoeriis brûkt, d.w.s. natuerlik foarkommend iis opoerflaktewetters. Fanwegenklimaatferoaring komt dat, alteast ynNederlân, almar minder foar. Dêrfandinne dat tsjintwurdich foar sokkesporten faker gebrûk makke wurdt fankeunstiis yn iniishal of op inkeunstiisbaan. In oare wize fan gebrûk fan iis troch de minske is it meitsjen faniisskulptueren.

Iis fan oare stoffen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De fêste foarmen fan oareflechtige stoffen wurde faak ek oantsjut as 'iis'. As grins foar it gebrûk fan 'e oantsjutting 'iis' wurdt rûchwei oanholden dat it raanpunt fan 'e stof boppe of omtrint de 100 K lizze moat. De bekendste fan sokke 'iis'-soarten, isdrûch iis, de fêste foarm fankoalstofdiokside (CO2). Ek beferzenwetter mei in smaakje,molke ofrjemme foarkonsumpsje wurdt faak oantsjut as 'iis' (konsumpsje-iis) of dêrfan ôflate oantsjuttings, lykasiisko,wetteriis,rjemme-iis ofsoftiis.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryIce fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Iis&oldid=1040161"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp