Iggy Pop, berne asJames Newell Osterberg jr. (Muskegon (Michigan),21 april1947), is in Amerikaanske rock- en punksjonger. Iggy Pop syn earenamme isThe Godfather of Punk. Yn maart 2010 waard Iggy Pop opnaam yn deRock and Roll Hall of Fame.
Osterberg groeide op yn in wenweinkamp tichtbyAnn Arbor ynMichigan. Syn âlden wiene konservative kristenen. Yn de jierren 60 spile er as drummer yn de bantsjes The Iguanas en The Prime Movers. Yn 1967 rjochte er mei gitarist Ron Asheton, drummer Scott Asheton en bassist Dave Alexander The Psychedelic Stooges op, letter ferkoarte ta The Stooges. Om dy tiid hinne naam er de poadiumnamme Iggy Pop oan. Har debútalbum mei deselde namme ferskynde yn 1969, folge trochFun House yn 1970. Beide albums koene ôffallende ferkeapsifers. Nei 't harren platekontrakt mei Elektra opsein waard, hold de groep it foar der mei op.
Yn dizze perioade rekke Pop befreone meiDavid Bowie, dy't him oertsjûge om The Stooges nij libben yn te blazen. Mei de nije gitarist James Williamson en Bowie as produsint naam de groep it agressivealbumRaw power op. Ek dat album wie gjin kommersjeel sukses en de groep waard op 'e nij opheft.
Bowie naam him mei op toernee en yn 1976 kamen se tegearre ynBerlyn te wenjen, dêr't de punkbeweging krekt op gong kommen wie. Earst yn dizze perioade krigen The Stooges as protopunkband echt erkenning foar harren muzyk. De ynfloed dy 't se hiene op de Dútske rockscene wie dan ek bot fielber. Bowie besleat om Pop ûnder syn hoede te nimmen en him as produsint te helpen mei syn solo-karriêre. Dat resultearre yn twa albums:The Idiot enLust for Life (beide út 1977). Dêrnei soe Bowie acht moanne lang funksjonearje as toetsenist en achtergrûnsjonger yn Pops nije band The Iguanas. Bowie soe yn karriêre ek in soad fan Pop's ferskes opnij opnimme en útfiere.
The Stooges treden fan 2003 ôf wer op yn ferskate gearstallings. Yn oktober 2006 sette de groep útein mei opnamen foar it earste Stooges-album sûnt tritich jier. It album ferskynde yn maart 2007 mei de titelThe Weirdness. It folgjende album,Ready to Die, ferskynde yn 2013. Yn 2016 sei gitarist James Williamson dat The Stooges gjin takomst mear hie.
Yn 2016 ferskynde yn gearwurking mei Josh Homme it soloalbumPost Pop Depression. Neffens Pop soe dit nei alle gedachten syn lêste album wurde. Yn 2018 ferskynde lykwols de EPTea-time Dub Encounters, yn 'e mande mei Underworld, mei 4 tracks.
Yn syn hiele karriêre stiet er bekend om syn bûtenwenstige en net te foarsizzen poadiumkaprioalen, poëtyske teksten en kenmerjende stim. Hy wie ien fan de earste artysten dy't in poadiumdûk (stage diving) makke en dy aktiviteit populêr. Pop, dy't tradisjoneel (mar net allinne) mei ûntbleate boppeliif optreedt, fierde ek sokke poadiumtrúks út as rollen yn brutsen glês en him bleatjaan oan it publyk.
Pop hat trije kear troud west; yn 1968 (twa wiken lang) mei Wendy Weissberg, fan 1984 oant 1998 mei de Japanske Suchi Asano en fan 2008 ôf mei Nina Alu. Yn 1969 waard er heit fan in soan, Eric Benson.
In kar: Hy waard yn 2010 as lid fan The Stooges opnaam yn de Rock and Roll Hall of Fame. Yn jannewaris 2020 ûntfong Pop inGrammy Lifetime Achievement Award.