Doe't er noch libbe wie Daumier foaral bekend as polityk en sosjaalsatirikus. Nei syn dea kaam der ek wurdearring foar deestetyske kwaliteit fan syn skilderijen en byldhouwurken.
Daumier waard ynearsten grafysk keunstner nei in opliedinglitografy. Yn 1832 waard er fanwegenmajesteitsskeining foar seis moannen fêstset nei it meitsjen fan inmonargy-krityske satire oerLoadewyk Filips fan Frankryk, dy't er asGargantua ôfbylde. Sûnt ein jierren fjirtich brûkte er faker wetterferve en oaljes yn stee fan litografyen.
Tsjin 1873 wie Daumier benei hielendal blyn. Hy stoar yn de âldens fan 70 jier en waard beïerdige opPère Lachaise ynParys.
In wurk fan Daumier,Kristus en syn apostelen, hinget yn itRyksmuseum Amsterdam.Daumiers spotprinten op abbekaten en rjochters binne noch altiten tige populêr ûnder juristen en siere mannich abbekatepraktyk. Mear as 7500 wurken fan Daumier wurde bewarre yn itHammer Museum ynLos Angeles. Ek itLouvre hat wurk fan him.