Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Homêros

Ut Wikipedy
Homêros
skriuwer
Ofbylding fan Homêros út de Romeinske Tiid(Britsk Museum, Londen).
Ofbylding fan Homêros út deRomeinske Tiid
(Britsk Museum,Londen).
persoanlike bysûnderheden
echte nammeHómēros (Ὅμηρος)
nasjonaliteitSmyrneesk
berne±800 f.Kr.
berteplakSmyrna (Ioanje) (?)
stoarn±750 f.Kr.
stjerplakIos (deSykladen) (?)
etnisiteitGryksk
wurk
taalAldgryksk
sjenrepoëzij
perioadeIere Aldheid
bekendste
  wurk(en)
deIlias
deOdyssee
jierren aktyf±800 – ±750 f.Kr.
offisjele webside
n.f.t.

Homêros (oare farianten binneHomearus enHomearos) wie inGrykskedichter ensjonger dy't libbe fan om-ende-by800 f.Kr. oant750 f.Kr. Hy makkeepyske gedichten, dêr't hy in grut tal oerlevereheldesêgen, goadeferhalen enmytyske fertellingen yn ferwurke út de Grykske kultuer. Fanâldst wurde twa epyske gedichten, deIlias en deOdyssee, de âldst bekende en bewarre bleaune literêre wurken út de Grykske letterkunde, oan him taskreaun. Lykwols is dizze fêststelling net langer mear folslein wis en wurdt sels bestride oft beide wurken troch ien en deselde skriuwer makke binne.

Libben

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Oer de tiid fan Homêros en de omstannichheden dêr't hy yn libbe hawwe wy amperoan ynformaasje. De gelearden binne it net iens oer syn berteplak. Neffens guon is datSmyrna, oaren sizze it eilânGios. Fierders wurdt der sein dat er blyn wie, omdat alle kearen as er in ferhaal fertelde hy syn eagen slute. Syn bynamme wie dan ek de bline bard.

It meastepart fan dat wat wy oer him witte is net wis. De Nederlânske geleardeRuijgh hat besocht oan te toanen dat Homêros al yn de njoggende iuw foar Kristus libbe hawwe moat. It probleem mei Homêros is dat er syn kost fertsjinne mei it sammeljen en fertellen fan ferhalen dy't hy nei alle gedachten troch oaren opskriuwe liet, mar wis is dat net. Troch guons wurdt beweard dat Homêros nea bestien hat, of dat de namme Homeros in sammelnamme is foar ferskate dichters, dy't deIlias enOdyssee skreaun hawwe. De stúdzje dy't har hjir mei dwaande hâldt wurdt deHomearyske kwestje neamd.

Inkele libbensbeskriuwings fan Homeros binne oerlevere, û.o. ien troch "Herodotos", dy't hiel nuver pas skreaun waard doe Herodotos al twahûndert jier dea wie.

Wurken

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

DeIlias en deOdyssee binneepyske gedichten. Yn beide ferhalen wurdt destriid om Troaje beskreaun, in stêd yn it noardwesten fanLyts-Aazje, elts ferhaal fanút in oar gesichtspunt. Nei alle gedachten hawwe der iuwenlang mûnling oerlevere Trojaanske heldensêges bestien dêr't troch him de beide gedichten út gearstald binne.

De Wikipedy hat ek in sideIlias.

DeIlias (sa neamd nei de oare namme fanTroaje, Ilion) beskriuwt in koarte episoade út dy striid. De oanrin fan dizze episoade komt mar amper oan bod, te witten: de skaking fanHelena, de dochter fanLeda enSeus, dy't troud wie mei keningMenelaüs fanSparta trochParis, de soan fan keningPriamus fan Troaje, de fjildtocht om Helena te befrijen ûnder lieding fanAgamemnon en wat foarfalt tidens de earste seis jierren fan it belis. It wichtige tema yn deIlias is de wrok fanAgilles tsjin de Grykske liederAgamemnon. Sy krije spul om in bút makke slavinne, dêr't Agilles him troch oan de striid ûnttrekt en militêre rampspoed foar de Griken it gefolch is. De dea fan Agilles syn striidkammeraatPatroklus soarget derfoar dat Agilles werom komt en wer meidocht oan de striid om him te wreken op de Trojaanske heldHektor. De útfeart fan Hektor is de lêste episoade fan de Ilias. It sneuveljen fan Agilles, dy't troffen wurde soe yn syn sprekwurdlike wurdenAgillespees en de ynname fan Troaje neffens de klassike kriichslist mei itHynder fan Troaje, komme der net yn foar.

Odysseus en Nausikaa
De Wikipedy hat ek in sideOdyssee.

De út 24 boeken besteandeOdyssee (ôflaat fan de nammeOdysseus fan de Grykske kening fan it eilânItaka) giet oer de tsien jier duorjende weromreis fan de haadpersoan Odysseus en de aventoeren dy't er meimakket, û.o. op it eilân fan denimfKalypso, syn ferbliuw op it eilân fan de Paiaken, dêr't er ferhellet wat him allegearre is foarfallen en de eigentlike thúskomst yn syn keninkryk Itaka, dêr't hy ôfrekkent mei de protte frijers fan syn frouPenelope, dy't al dy jierren trou op him wachte hat.

Der binne noch oare wurken dy't oan Homêros taskreaun wurde:

Fryske oersetting

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

folsleine âld-Grykske boarnetekst fan de Odyssee mei in oersetting yn it Nederlânsk

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Homêros&oldid=910423"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp