Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Hoef

Ut Wikipedy
De (spjalten) hoeven fan inree (Capreolus capreolus).

Inhoef is de meihoarnstof (keratine) beklaaide útein fan 'etean fan inhoefdier. Sa'n hoef bestiet út in justjes sêfteresoal omjûn troch de hoefrâne, in fertikale hurde laach as fan in tsjûkeneil, dy't yn 'e breedterjochting om 'e teanpunt hinne rôle is. It gewicht fan it bist wurdt yn 'e regel droegen troch sawol de soal as it ûnderste diel fan 'e hoefrâne. Mei't hoeven oanhâldend trochgroeie, moatte bisten yn beweging bliuwe om se ôf te sliten. By bisten dy't lang op stâl stien hawwe (en troch de eigner ferwaarleazge binne), bart dat soms net, mei as gefolch útgroeide hoeven dêr't it bist mar kwealk of net iens mear op rinne kin. Hoefdieren dy't lang stilsteane, binne dêrom fersoarging troch inpoatbekapper brek.

Hoeven komme foar byhoefdieren, dy't opdield wurde kinne yn 'eevenhoevigen en deûnevenhoevigen. By dy lêste groep, dêr't û.m. ithynder ta heart, hawwe de bisten yn 'e regel in hoef dy't út ien inkeld stik (oftewol ien inkele tean) bestiet (al komme trije teannen by guon soarten ek foar). Detapirs binne in apart gefal, mei't dy trije teannen oan 'eefterpoaten en fjouwer oan 'efoarpoaten hawwe. De evenhoevigen, dêr't û.m. deko, itskiep, degeit en debaarch ta hearre, hawwe twa teannen, oftewol in spjalten hoef.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryHooves fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Hoef&oldid=873687"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp