Himelfeartsdei wurdt al iuwenlang fierd. Der binne lykwols gjin skreaune boarnen oer bekend fan foar defyfde iuw, mar dehilligeAugustinus miende dat it fanapostoalysk komôf wie, en dat it al fier foar syn tiid trochkristenen fierd waard (hy libbe fan354 oant430). Der is lykwols in soad bewiis dat de fiering fan de himelfeart tebek giet op de ein fan defjirde iuw.
Dehimelfeart fan Jezus wurdt yn de oarspronklikeleauwensbelidenis fan Niseä neamd. Dy belidenis is tige wichtich foar kristenen sûnt er yn325 opsteld waard. Ek wurdt it barren yn deApostoalyske leauwensbelidenis neamd. De himelfeart is yn it kristlike leauwe fan krúsjaal belang, dêr't Jezus by lichaamlik yn de himel opnaam waard en oan de rjochterhân fanGod de Heit kaam te sitten. Himelfeartsdei is ien fan de wichtichste kristlike hjeldagen.
Itkanonike ferhaal fan it opfarren fan Jezus yn de wolken ferskilt lykwols fan degnostyske tradysje, dy't leaud dat Jezus de lichaamlike wrâld oerwûn hat en thúskaam yn de geastlike wrâld. It ferskilt ek fan itDosetysk leauwen, dat hawwe wol dat de lea fan Jezus net werklik lichaamlik wie, mar dat it earder like oft it sa wie.
Teologen, dy't dehistoaryske Jezus bestudearje, tinke dat de opstanning en himelfeart fan Jezus optocht waarden troch de kristlike mienskip yn de apostoalyske tiid en miene dat dy oerienkomme mei likese ferhalen út oare leauwen wei, sa as bygelyks deGryksk-Romeinskemytology.
Yn lannen dêr't Himelfeartsdei gjin offisjele feestdei is, hat de Roomsk-katolike tsjerke tastimming fan itFatikaan krigen om de Himelfeart de folgjende snein, de snein foarPinkster, te fieren. Dêrtroch is it mooglik foarkristenen wichtige kristlike hjeldagen te fieren.
DeEastersk-otterdokse tsjerke hat in oartsjerklik jier en fiert Himelfeartsdei ornaris letter as de Westerske tsjerken. Dat komt om't de Easterske tsjerken de datum foarPeaske oars berekkenje. De ierst mooglike Himelfeartsdei is op13 maaie (neffens de Westerskekalinder) en de lêst mooglike datum is op16 juny. Guon Easterske tsjerken fiere Himelfeartsdei lykwols op deselde dei as de Westerske tsjerken.
Yn Fryslân is Himelfeartsdei, kreksa as yn de rêst fan Nederlân, in offisjele feestdei. Der wurde dy deis ferskate aktiviteiten holden, lykas de autocross ynBlauhûs (Súdwest-Fryslân)[1].