Yn beskate dielen fan itkristendom (eins alle streamings útsein it meastepart fan itprotestantisme) wurde hilligen sjoen as midslju tusken de leauwenden en God, en wurde se fereare mei as doel om harren foarspraak by God ôf te smeekjen. Yn 'eRoomsk-Katolike Tsjerke moatte hilligen kanonisearre wurde om foar harren ferearing offisjele erkenning en goedkarring fan 'eTsjerke te krijen. Inhillichferklearring of kanonisaasje kin (tsjintwurdich) inkeld plakfine nei it ferstjerren fan 'e persoan yn kwestje, om't de kâns bestiet dat sa'nent by syn libben noch yn sûnde ferfalle kinne soe.
Nei syn of har dea jildt yn normale gefallen in wachtperioade fan tolve jier. Dan moatte der 'bewizen' sammele wurde fan twa wûnders dy't postúm ferrjochte wêze soene troch de persoan dêr't it om giet. As ien sa'n wûnder troch de Tsjerke erkend wurdt, kin de persoan yn kwestjesillich ferkearre wurde, wat yn 'e regel in opstapke is nei in hillichferklearring, dy't plakfynt sadree't twa wûnders erkend binne. Tsjintwurdich is depaus fanRome de iennichste dy't noch in hillichferklearring útsprekke kin (yn 'eMidsiuwen koe eltsebiskop dat dwaan). Fan dit stramyn kin ôfwykt wurde as de paus dat wol; dan kin it proses ferflugge wurde of kin immen sels sûnder ûndersyk nei wûndertekens byakklamaasje hillich ferklearre wurde. Dat lêste bart hjoed de dei frijwol nea mear.
As in persoan ienris hillich ferklearre is, kriget hy of sy in offisjelehjeldei taparte. De Roomsk-Katolike Tsjerke ûnderskiedt fjouwer soarten hilligefierings:
Guon hilligen dy't wol fereare wurde, binne feitlik nea offisjeel hillich ferklearre. Sokke persoanen wurdefolkshilligen neamd.