Henry Alfred Kissinger (Fürth (Dútslân),27 maaie1923 - Kent (Konettikut), 29 novimber 2023) wie inAmerikaansk diplomaat en politikus fanJoadsk komôf. Hy jildt as in wichtich arsjitekt fan de Amerikaanske polityk fan ûntspanning mei deSowjetuny enSina.
Hy waard berne asHeinz Alfred Kissinger. Yn 1938, op de flecht trochAdolf Hitlers ferfolging fan de Joaden, ferfear syn famylje út Dútslân wei nei New York. Op 19 juny 1943 waard Kissinger Amerikaansk steatsboarger. As soldaat yn it Amerikaanske leger kaam Kissinger oan de ein fan de kriich werom nei Dútslân. Hy waard dêr militêr bestjoerder.
Letter gong er wurken as heechlearaar ynternasjonale betrekkingen oan deUniversiteit fan Harvard, dêr't hy ek inkele boeken publisearre oer ôfskrikken mei nukleêre wapens. Neffens him wie tusken lytsskalich geweld en de ynset fan atoomwapens foar de Feriene Steaten gjin oannimlik militêr optreden mooglik. Dat brocht him yn de polityk, ynearsten asDemokraat, letter asRepublikein.
Henry Kissinger waard yn1968 spesjaal adviseur fan presidintNixon op it mêd fan de nasjonale feiligens. Hy ûntfong tegearre meiLe Duc Tho deNobelpriis foar de Frede foar syn ynset by it ôfsluten fan fredesbestân yn deFjetnamkriich.
Op22 septimber1973 waard Kissinger minister fan Bûtenlânske Saken, in funksje dy't hy oant 1977 útoefenje soe.