Henry Gray (Londen,1827 – dêre,13 juny1861) wie in Britskanatoom ensjirurch dy't fral ferneamd waard fan it learboek oeranatomy,Gray's Anatomy. Hy waard keazen taFellow of the Royal Society (FRS) doe't er noch mar 25 jier wie.
Gray skreau him yn1845 as studint yn oan St. Georges Hospital ynLonden, dêr't er letter dosintanatomy waard. As studint waard er al ûnderskieden mei in priis fan deRoyal College of Surgeons foar synThe Origin, Connexions and Distribution of nerves to the human eye and its appendages, illustrated by comparative dissections of the eye in other vertebrate animals. 1852 waard er lid fan deRoyal Society.
Yn1858 waard de earste útjefte fanGray’s Anatomy, mei goed 750 siden en mear as 350 yllustraasjes, publisearre. De yllustraasjes wiene fanHenry Vandyke Carter en diene harrens ta it súkses fan it wurk. It boek waard yn de rin fan de jierren ta ien fan de ferneamdste standertwurken fan de stúdzje medisinen yn de Angelsaksyskre wrâld.
Gray stoar juny 1861 oan depokken. Hy waard beïerdige yn Londen op de Highgate Cemetery.