Henny Orri | ||
![]() | ||
![]() | ||
Henny Orri (1982) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 16 juny1925 | |
berteplak | Amsterdam | |
stoarn | 4 jannewaris2022 (96 jier) | |
stjerplak | Amsterdam | |
jierren aktyf | 1955-2009 | |
offisjele webside | ||
(in)IMDb-profyl |
Henriëtte Josephine (Henny) Orri (Amsterdam,16 juny1925 – dêre,4 jannewaris2022) wie in Nederlânskaktrise. Se spile in soad dragende rollen by grutte toanielselskippen asToneelgroep Centrum enToneelgroep Theater.
Orri studearre yn 1947 ôf oan de Amsterdamske Toanielskoalle. Se spile de mem ynEen Bruid in de morgen fanHugo Claus by de wrâldpremjêre dêrfan troch it Rotterdamsk Toaniel (1955) en de haadrollen ynDe Meiden van Jean Genet (1962 ),Elektra fanEuripides (1965),Saint Joan fanGeorge Bernard Shaw (1966) enMoeder Courage en haar kinderen fanBertolt Brecht (1973).
Sy krige yn 1977 inColombina foarDeuren fanJ. Bernlef, ûnder rezjy fan Christiaan Nortier. Yn 1986 krige se deTheo d'Or foar har rol ynWings fanArthur Kopit. Ek yn de frije sektor krige se in soad sukses, lykas yn it op it libben fanSarah Bernhardt basearreMemoires (1988). Orri spile ek ynBert Haanstra syn filmDokter Pulder zaait papavers (1975).
Yn 1994 naam deGrande Dame Du Theatre offisjeel ôfskied fan it toaniel mei it troch har twadde man, regisseur Theo Kling, skreaun stikIn de Hemel mag alles, inblijspul oereutanasy. Seis jier letter stie sy lykwols wer op toaniel mei de solofoarstellingRose fan Martin Sherman. Op Krystnacht 2008 lies se foar út itEvangeelje neffens Lukas yn deGrifformearde tsjerke fan Andyk dêr't se doe wenne. Yn 2009 stie sy, ûnderwilens 84 jier âld, tegearre mei har dochter Diane Lensink op de planken yn it stikBerm fan de debutearjende skriuwer Rik van den Bos.
Op 22 novimber 2015 ûntfong Orri deBlijvend Applaus Prijs. Op 20 jannewaris 2016 waard yn de Jos Brink-foyer fan de Stedsskouboarch Haarlim in búste fan har, makke troch de byldhouster Yvonne Zeylstra, ûntbleate.
Henny Orri wie de jongste dochter fan Henri Joseph Orri (1889 -1969) en Neeltje Uijttenboogaard (1893 -1991). Har âldste suster Threes Orri (1915 -1993) wie muzykpedagoge. Fan 1948 oant 1954 wie Henny Orri troud mei akteurTon Lensink (1922-1997) en fan 1956 oant syn dea yn 2018 mei akteur en regisseur Theo Kling (1930-2018). Ut har earste houlik hie se in dochter: aktriseDiane Lensink (1950-2012). Se wie de beppe fan akteurMatteo van der Grijn.
Orri ferstoar op 4 jannewaris 2022 yn de âldens fan 96 jier yn har wenning yn Amsterdam.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|