Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Henk Gemser

Ut Wikipedy
Henk Gemser enBert de Jong, 1977

Henk Gemser (Berltsum,6 april1940) is in earder sportlearaar, reedrydcoach en trainer útAldehaske.

Libben

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Nei deHBS gie er nei de Sportakademy ynAmsterdam. Yn it earstoan lei Gemser him ta opatletyk,hurdfytsen enswimmen. Hy hat ek meidien oan it Fryske kampioenskip koartebaanriden. Yn 1962/1963 wie er ien fan de 58 toerriders fan deAlvestêdetocht.

As sportoffisier yn it leger waard er frege as trainer fan de kearnploech en yn1969 kaam hy yn tsjinst by de KNSB. Hy wie yn tsjinst by itCIOS mar waard detasjearre by it ridersbûn. Yn1976 waard er trainer fan de sprintkearnploech meiLieuwe de Boer,Eppie Bleeker en Sies Uilkema. It soe duorje oant1979 doe't er ûntslein waard doe't er him net stil hâlde koe tsjin de bestjoerders.

Nei de mislearre Olympyske Spullen yn Sarajevo waard der wer in berop op him dien. Mei manlju as Hein Vergeer,Jan Ykema, Geert Kuiper, Hein Vergeer, Gerard Kemkers en benammenIds Postma helle er as coach grutte suksessen.

Gemser stiet bekend om syn taalgebrûk. Sa kaam er mei de útdrukkings "Yn gesprek mei it iis", "Jonge hûnen", "op de winkel passe".

Hy is bestjoerslid fan sportkoepel NOC*NSF. Yn2010 wie erChef de Mission wêze foar deOlympyske Winterspullen yn it KanadeeskeVancouver.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Henk_Gemser&oldid=1061904"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp