Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Heidendom

Ut Wikipedy

Itheidendom wurdt beskôge as it iereleauwen fan de minsken. It wurd is foaral inkristlik begryp en hâldt yn it ferearjen fan mear as iengod. Neffens de kristlike optyk wurde alle net-monoteïstyske godstsjinsten dy't net op debibel basearre binne asheidensk beskôge.

Ier heidendom

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Dekerstening fan Jeropa wurdt faak foarsteld as in opgong fan itbarbarendom neibeskaving, en it heidendom wurdt dêrby faak beskôge as wat minderweardichs dat bestriden wurde moast. Dat de minsken it yn dy tiid oars seagen blykt wol út it grutte tal foar-kristlike gebrûken en feesten dy't yn de kristlikekultuer en religy opnommen binne, bygelyks itpeaskefjoer, itpeaske-aai, dekrystbeam en ferskate aspekten fan itSinteklazefeest.

Nijmoadrich heidendom

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Tsjintwurdich is der in oplibjen fan it heidendom yn dewesterske wrâld, ûnder de nammemodern heidendom, Westersk heidendom of neopaganisme, dat bytiden it karakter fan insubkultuer oannimt. It moderne heidendom wurdt opmakke troch in grut tal ûnderskate religyen, en it fynt syn grûn foar in part yn krityk op 'e materialistyske Westerske maatskippij. Besibbe oan dit nijmoadrich heidendom binnewichelroede-rinnen,astrology,holisme en in soad ynteresse ynparapsychologyske ferskynsels.

Eksterne keppelings

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Heidendom&oldid=828529"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp