DeHebriden (Ingelsk:Hebrides, Skotsk-Gaelysk:Na h-Innse Gall) binne in groep fan likernôch 500 eilannen W en NW fanSkotlân, wêrfan 100 bewenne binne. De wichtichste binneLewis enSkye. De Hebriden wurde ûnderferdield yn deBûten-Hebriden en deBinnen-Hebriden. Der wurdt ek wol oan referearre meiWestern Islands ofWestern Isles.
De Hebriden wiene oarspronklik bewenne trochKelten. Yn de 6de iuw waarden se ta itKristendom bekeard trochSt Kolumba.Wytsingen út Súd-Noarwegen feroveren de eilannen fan de 8ste iuw ôf. Sy sprieken fan deSúdlike Eilannen.It ferdrach fan Perth fan1266 makke in ein oan de Noarsk-Skotske oorlogen. Doe kamen de Hebriden ûnder de Skotske Kroan, mar feitlik sloegen ferskate Skotske clanhaden dêr foar master op. Yn1346 krige de McDonalds-clan de absolute hearskippij as Lords oer de eilannen. Midst 18de iuw waarden de Hebriden ien mei Skotlân. De ferhalen fan de Skotske skriuwer SirWalter Scott hawwe de bekendheid fan de eilannen by it grutte publyk fergrutte.Oerbefolking en earmoed hawwe yn de 20ste iuw laat ta emgraasje, foaral neiKanada.