DeHausa binne in West-Afrikaansk folk dat foar it grutste part yn it noardwesten fanNigeria wennet, dêr't sy de grutste befolkingskloft foarmje, en yn it súdwesten fanNiger. It folk telt tusken de 24 en 27 miljoen leden. Harren taal (Hausa), mei in protteArabyske eleminten, wurdt ek troch oare West-Afrikaanske folken brûkt ashannels- en fiertaal.
De Hausa libje fan deikkerbou (garst,stynske weet, yam,tabak enkatoen), yn de stêden fral fan ambachtlik wurk (fervjen fan stoffen, weevjen, metaal- en learbewurking). Troch de geunstige geografyske lizzing besuden de grutte hannelswegen troch deSahara heart de wolfeart fan de Hausa ta de heechste ûnder de keaplju fan West-Afrika. Troch harren reizen hawwe de Hausa meiholpen oan de útwikkeling fan talrike kulturele saken út útienrinnende lannen, lykas ark, wapens of klaaiïng.
Hoewol't de Hausa al sûnt de14e iuw gruttendielsislamitysk binne, hawwe sy noch inkele kultuereleminten út de foar-islamityske tiid behâlden, bygelyks deboriskultus fan de froulju dêr't troch ritmyske dûnsen de geasten fan de foarâlden by besward wurde.