Hatzenport | ||
![]() | ||
Jehannestsjerke. | ||
Emblemen | ||
![]() | ||
Bestjoer | ||
Lân | ![]() | |
dielsteat | ![]() | |
lânkring | Mayen-Koblenz | |
ferbânsgemeente | Rhein-Mosel | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 612(31.12.2021)[1] | |
Oerflak | 3,75 km² | |
Befolkingsticht. | 163 ynw./km² | |
Hichte | 85 m | |
Oar | ||
Postkoade | 56332 | |
Koördinaten | 50° 13' N 7° 25' E | |
Offisjele webside | ||
hatzenport.de | ||
Kaart | ||
Hatzenport is inOrtsgemeinde oan 'eMûzel yn 'elânkringMayen-Koblenz yn 'eDútskedielsteatRynlân-Palts. It plak is ûnderdiel fan 'eferbânsgemeenteRhein-Mosel, dy't it gemeentehûs ynKobern-Gondorf hat. By Hatzenport hearre ek de buorskippen Am Bischofstein en Betzemerhof.
De namme komt fan 'eLatynske nammeHattonis porta, itjinge de haven of de poarte fan 'e Trierer aartsbiskop Hetti (amtstiid 814-847) betsjut. De namme komt foar it earst yn 1135 yn in oarkonde foar. Wynbou wie der yn alle gefallen sûnt 1216.
De hjoeddeiske gemeente Hatzenport is op 12 juny 1994 troch ôfskuorring fan 'e gemeenteLöf ûntstien. Earder wie de gemeente Löf op 31 desimber 1975 troch gearfoeging fan 'e earder selsstannige gemeente Hatzenport,Kattenes en Löf gearfoege.
Karakteristyk foar it doarp is de âlde feartoer (earste stienlizing 1863). Mei't de foltôging fan 'e nije brêge by Löf yn 1972 waard de sûnt de 16e iuw belangrike fear opheft. Fierder binne de boppe it doarp lizzendegoatyske Sint-Jehannestsjerke en de nijere, yn 1869-1870 troch Hermann Nebel boude katolike Sint-Rochustsjerke en de âlde pastorij oan 'e Oberstraße it besjen wurdich.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|