Neidat deNederlânskeûntdekkingsreizgerAdriaen Block it gebiet ferkend hie yn1614, setten bûnthannelers fan de koloanjeNij-Nederlân dêr yn 1623 in hannelspost op, dy't troch de pleatslike yndianenSuckiaug neamd waard. De namme fan dy hannelspost wie "Huys de Hoop". Yn1633 wie de post in lyts fort wurden troch útwreiding mei inblokhûs en inpallisade en in lyts garnisoen soldaten mei in stikmannich kanonnen útNij Amsterdam.
Fan de befolking is 9,5% âlder as 65 jier en bestiet foar 33,2% útienpersoanshúshâldings. Dewurkleazens berint 4,8% (sifers folkstelling 2000). Likernôch 40,5% fan de befolking fan Hartford bestiet úthispanics en latino's, 38,1% is fan Afrikaanske oarsprong en 1,6% fan Aziatyske oarsprong. It ynwennertal sakke fan 137.289 yn 1990 nei 121.578 yn 2000.
Jannewaris hat in trochsneedtemperatuer fan -4,1°C, yn july is dat 23,2°C. Jierliks falt der trochstrings 1121,2 mmdelslach (op basis fan de mjitperioade 1961-1990).