Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Harry Potter and the Prisoner of Azkaban

Ut Wikipedy
Harry Potter and
the Prisoner of Azkaban
algemiene gegevens
auteurJ.K. Rowling
taalIngelsk
foarmroman
sjenrefantasy,berneboek
1e publikaasje1999,Londen
oarspr. útjwr.Bloomsbury Publishing
rige
rigeHarry Potter
● foarich dielHarry Potter and the
   Chamber of Secrets
● folgjend dielHarry Potter and the
   Goblet of Fire
kodearring
ISBN0 74 75 42 155

Harry Potter and the Prisoner of Azkaban is in Ingelsk boek skreaun trochJ.K. Rowling. It is it tredde part fan de sânrige oerHarry Potter. It boek beskriuwt it tredde jier fan de haadfiguer op in kostskoalle foartsjoenders.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan it boek soe noch oerset wurde moatte trochJetske Bilker byUtjouwerij Bornmeer. Hja wie ek de oersetster fanit earste diel, en hja wie fan doel ek de oare seis boeken oer te setten. De oersetting fan 'Harry Potter and the Prisoner of Azkaban' soe yn 't Frysk likernôch 'Harry Potter en de Finzene fan Azkaban' wêze moatte.

Film

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Der is ek in film nei it boek útkaam, dyHarry Potter and the Prisoner of Azkaban hjit.

Gearfetting

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Ear't Harry Potter oan syn tredde skoaljier op Swiniastate's Hegeskoalle foar Tsjoenderij en Hokus-Pokus begjint, moat er de simmerfakânsje trochbringe by syn gemiene omke en muoike. Troch in magysk ûngelokje komt er ynienen op 'e lette jûn op strjitte te stean. Dan blykt datSirius Black, in freze tsjinner fan Dowitstwol, út 'e finzenis fan Azkaban ûntkommen is. Hy is op 'e flecht en hat miskien 'e mint op Harry. Der folget in boeiend skoaljier mei nije skoalfakken lykas migelkunde en soarch foar fabelbisten, spannende swurkbalwedstriden en aaklike foarsizzings. De skoalle wurdt beweitsje trochDementors, de freze beweitsers fanAzkaban, mar Harry sil syn leksums Ferdigening tsjin 'e tsjustere krêften hurd nedich wêze...
Oersette omslachtekst fan 'eHollânske ferzje fan it boek.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Harry_Potter_and_the_Prisoner_of_Azkaban&oldid=1154601"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp