Dehamsters (wittenskiplike namme:Cricetinae) foarmje inûnderfamylje fan 'eklasse fan 'esûchdieren (Mammalia), itskift fan 'ekjifdieren (Rodentia) en defamylje fan 'ewrotmûseftigen (Cricetidae), dêr't ûnder oaren ta hearre de (gewoane)hamster, dy't ynNederlân yn it wyld foarkomt, en degoudhamster, in bekendhúsdier. Yn totaal binne der 19 libbenesoarten, ferdield oer 7skaaien. De hamsters binne nau besibbe oan 'e oare ûnderfamyljes fan 'e wrotmûseftigen, dewrotmûzen (Arvicolinae) en trije groepen dy't mei-inoar beflapt wurde ûnder de oantsjuttingmûzen en rotten fan de Nije Wrâld.
Hamsters binne yn it wyld benammen yn 'e skimerperioaden en yn mindere mjitte nachts aktyf, en bliuwe oerdeis yn eigengroeven hoalen ûnder de grûn omrôfdieren te ûntrinnen. Se frette benammensied (plant)sied,fruchten en grieneplantedielen, mar wreidzje har menu út en troch út mei gravendeynsekten. Se steane fral bekend om harwangpûden, dy't se oant har skouders oprekke kinne troch se fol te stopjen mei fretten dat se yn lytse stikjes biten hawwe. As der net mear by kin, keare se werom nei har hoale om dêr yn alle rêst it opgarre fretten te beplúzjen. Dit ferminderet de tiid dat se bleatsteane oanpredaasje en ferbetteret dus har kânsen om te oerlibjen. DeSineeske hamster (Criteculus griseus) is de iennichste soarte mei ingrypsturt (de measte soarten hamsters hawwe in koart, hastrudimintêrsturtsje).
Hamsters wurde faak ek ashúsdier holden troch deminske. Domestisearring fan dit slach bisten liket benammen ûntstien te wêzen nei't medyskeûndersykslaboratoaria om 'e midden fan 'etweintichste iuw hinne hamsters begûnen hâlden, om't se har yn finzenskip sa maklik fuortplantsje. De meast holden soarte is degoudhamster (Mesocricetus auratus), mar ek de trije soartendwerchhamsters (Phodopus) binne frij populêr. Om't senachtdieren binne, hingje hamsters derta oer om oerdeis te sliepen en nachts klearwekker en aktyf te wêzen, wat foar eigners nochal yrritant wêze kin mei al dat gekoaibyt en getsjildraaf by neare nacht.
- ûnderfamyljehamsters (Cricetinae)
|