Hamster Mieden | ||
lokaasje | ||
neiste plak | Droegeham | |
oare ynformaasje | ||
behear | Steatsboskbehear |
DeHamster Mieden, ekHamstermieden enDroegehamstermieden is innatoergebiet dat beheard wurdt trochSteatsboskbehear. It leit tuskenDroegeham enKoatstertille oan itPrinses Margrietkanaal. Oant 1955 wie in ûnlân. It gebiet waard om 1955 hinne yn kultuer brocht. Mei’t der in goede ûntwettering kaam en in laach terpgrûn en sân opbrocht waard koe it lân troch boeren brûkt wurde.
Op inkele plakken komt kwelwetter omheech. It wetter komt út de djippe ûndergrûnen is sadwaande ryk oan kalk en izer. It skjinne wetter krijt dêrtroch in rustbrune kleur. It liket bytiden oft der oalje op it wetter driuwt, mar dat is it flues fan izerôfbrekkende baktearjen. Yn it gebiet groeiedjerreblom, siggesoarten, holpiip, miedekrúswoartel, trijeblêd, echte koekútsblom en orchideeën.
De Hege Bult is ûntstien bij it omlizzen en útgraven fan it Prinses Margrietkanaal. De opsmiten bult fan 4,5 meter heech is troch de jierren hinne begroeid rekke.
By Droegeham stiet de edukative soarch-, lear- en natuerbuorkerij 'Hamster Miede'.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |