Halmstad is de haadstêd fan de gemeenteHalmstad en de haadstêd fan deprovinsjeHallands län yn itlânskipHalland. It plak hat 59.005 ynwenners (2005) en in oerflak fan 3301hektare. Halmstad leit op it plak dêr't de rivier deNissan yn see útmûnet.
Halmstad soe al foar de11e iuw bestien hawwe en wie in hannelsplak. Ut reden fan oerstreamingen waard de delsetting in tal kilometers nei it noardeasten ferpleatst, tichter by de see. Halmstad soe yn1307stedsrjochten krige hawwe; it wie doetiids de grutste stêd oan de westkust fan Sweden. In iuw letter waard de stêd oermastere troch itDeenske ryk. Healwei de16e iuw skonken de Deenske oerhearskers de stêd in stedswapen, út tankberens foar de moedige wjerstân dy't de stêd bean hie tsjin de opteineSweden. Yn1619 moeten de keningenKristiaan IV fan Denemark enGustaaf II Adolf fan Sweden oan de mûning fan de Nissan krekt bûten de stedspoarten, dêr't sy de frede ôffûstken. Troch it Ferdrach fan Brömsebro wurdt Halmstad yn1645 in Sweedske stêd.
2007 waard it 700-jierrich bestean fan de stêd fierd.
De band Gyllene Tider om de lettere Roxette frontman Per Gessle hinne is tige suksesfol yn Skandinavië en komt út Halmstad. Gessle wennet yn Halmstad en is mei-eigener fan Hotel Tylösand. De Sweedske deathmetalband Arch Enemy komt út Halmstad. De gitaristen Michael Amott en Christopher Amott wenje der. De black metalband Shining is ek oprjochte yn Halmstad yn 1996.Jonas Altberg (Basshunter), Sweedsk sjonger, muzykprodusint en DJ komt ek út Halmstad.