| Hachette Books | ||
| algemien | ||
| hist. namme | Hyperion Books | |
| nasjonaliteit | ||
| type | privaat | |
| sektor | útjouwerij | |
| haadkertier | New York (New York) | |
| oprjochte | 1990 | |
| oprjochter | Michael Eisner Robert S. Miller | |
| eigner | Lagardère Group | |
| mem | Hachette Book Group | |
| dochters | sjoch ûnderymprints | |
| offisjele webside | ||
| www.hyperionbooks.com | ||
Hachette Books, foarhinneHyperion Books, is inAmerikaanskeútjouwerij, dy't bestiet sûnt1990, en dy't fêstige is ynNew York. Dit bedriuw publisearret sawolfiksje asnon-fiksje foar folwoeksenen ûnder fjouwer ferskillendeymprints. Foarhinne makke Hyperion ûnderdiel út fan 'eWalt Disney Company, mar sûnt2013 heart it ta deHachette Book Group.Hyperion Books for Children (HBC) is in útjouwerij dy't losstiet fan Hyperion Books, en dy't noch altiten ta it Disney-concern heart.
Hyperion Books waard yn1990 oprjochte trochMichael Eisner enRobert S. Miller as útjouwerij foar folwoekseneliteratuer foar deWalt Disney Company. Datselde jiers waarden ekHyperion Books for Children (HBC) enDisney Press oprjochte, en mei oare Disney-ûnderdielen waarden dy trije bedriuwen yn1992 ûnderbrocht by deDisney Publishing Group, hoewol't HBC en Disney Press yn1995 ta ien bedriuw fúzjearren.
Hyperion litte ferliezen oant de útjouwerij yn1994 inbestseller skoarde meiDon't Stand to Close to the Naked Man, fanakteurTim Allen, wêrfan't 1,1 miljoen eksimplaren ferkocht waarden. Yn1999 waard Hyperion Books oerpleatst fan 'e Disney Publishing Group nei in oare difyzje, deDisney-ABC Television Group.
Yn2013 ferkocht Disney Hyperion Books oan 'eHachette Book Group, de Amerikaanske difyzje fan 'eFrânske útjouwerijHachette Livre. Dêrby waard ôfpraat dat boeken foar jongfolwoeksenen en titels út 'efûnskatalogus fan Hyperion dy't te krijen hiene mei besteande Disney-tillefyzjeprogramma's oerhevele wurde soene nei de ymprint Disney-Hyperion fan Hyperion Books for Children.

Yn2018 ferdwûn de namme Hyperion en waard de útjouwerij omneamd ta Hachette Books.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side. |