Inhabitat is de oantsjutting foar it spesifike plak dêr't inorganisme foarkomt, om't debioatyske enabioatyske faktoaren fan dat plak foldogge oan 'e easken en tolerânsjes dy't sa'n organisme steld om oerlibje, groeie en him fuortplantsje te kinnen. De term komt út itLatyn, wêryn't it "it bewennet" betsjut. In habitat moat net betize wurde mei de besibbe termbiotoop, dat in grutter gebiet is mei in unifoarm lânskipstype dêr't beskate organismen bestean kinne. Yn ien biotoop komme dus ferskate habitats foar. Om in foarbyld te jaan: dereinwjirm komt û.m. foar yn it biotoop fan itwâld, dêr't de grûn syn habitat is. Mar ien habitat kin ek wer foarkomme yn ferskate biotopen, lykas by ittomke, dat syn habitat hat yn biotopen as itbosk, dedunen, desompen entunen ynstêd endoarp.