Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Haadredaksje

Ut Wikipedy

Inhaadredaksje bestiet út alleredakteurs mei-inoar dy't de ynhâldlike lieding hawwe oer inkrante,tydskrift,webside,boek ofradio- oftillefyzjeprogramma. Dit bestjoersorgaan koördinearret deredaksje en stippelet it belied fan 'e útjefte of it programma út. Der bestiet ynNederlân inNederlânsk Genoatskip fan Haadredakteurs.

Ynhoefier't de haadredaksje streekrjocht ferantwurdlik is foar it oanstjoeren fan 'e yndividuëlesjoernalisten ferskilt per ûndernimming. Sa stiet in haadredakteur by in tydskrift ornaris direkt yn kontakt mei dejingen dy't de artikels skriuwe. By in gruttere organisaasje, lykas guon kranten, hat de haadredaksje benammen kontakt mei de ôfdielingshaden fan 'e ûnderskateredaksjes.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjochdizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Haadredaksje&oldid=764632"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp