Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

HIV

Ut Wikipedy
HIV
In sterk fergrutte byld fan HIV-1 (de griene kerlen) op in kweekte lymfosyt-sel.
In sterk fergrutte byld fan HIV-1 (de griene kerlen) op in kweektelymfosyt-sel.
firustaksonomy
groep:groep VI (ssRNA-RT)
famylje:Retroviridae
ûnderfamylje:Orthoretrovirinae
skaai:Lentivirus
soarten
human immunodeficiency virus-1
human immunodeficiency virus-2

HIV, of ithuman immunodeficiency virus (Ingelsk foar "minsklik ymmunodefisjinsjefirus") is itfirus dat ferantwurdlik is foar desykteAIDS (acquired immunodeficiency syndrome, "oprûn ymmunodefisjinsjesyndroom"), dy't potinsjeel deadlik is byminsken. It is in fluch mutearjendretrofirus fan 'e subgroep fan 'elentifirussen, dat oerdraachber is fia de meastelichemsfloeistoffen (mar net fiaflibe), en dat itymmúnsysteem fan 'e gasthear oantaast. HIV komt yn twasoarten foar: HIV-1 en HIV-2.

Oarsprong

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

HIV komt útWest- enSintraal-Afrika wei, dêr't it syn oarsprong fynt byapen enminskapen, spesifyk deruotmangabey (Cercocebus atys atys), desjimpansee (Pan troglodytes) en degorilla (Gorilla gorilla gorilla). It liket teminsten twa ûnderskate kearen de kleau tusken apen en minsken oerstutsen te wêzen: yn it gefal fan HIV-1 yn it gebiet fanKameroen oant deDemokratyske Republyk Kongo, by de sjimpansee en de gorilla wei, en yn it gefal fan HIV-2 oan 'e Westafrikaanske kust fanIvoarkust oantSenegal by de ruotmangabey wei. Der binne sterke oanwizings dat it firus dy oerstek meitsje kinnen hat troch de gewoante fan 'e Afrikaanske befolking fan it iten fanbushmeat yn 'e foarm fan apen en minskapen. HIV waard yn1983 ûntdutsen by twa ferskillende ûndersiken nei de sykte AIDS, en yn 't earstoan LAV (lymphadenopathy-associated virus) en HTLV-I (human T-lymphotropic virus-I) neamd. Doe't bliken die dat it om itselde firus gie, waard yn1986 de namme HIV betocht, wêrnei't de beide eardere beneamings ferdwûnen.

Fuortplantingssyklus

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De gp120-aaiwiten oan it oerflak fan HIV hechtsje har oan 'eCD4-reseptors fan 'e gasthearsel. Dêrtroch kin itRNA fan it firus yn 'e gasthearsel trochkringe. It firaleensymreverse-transkriptaze makket oan 'e hân fan dat RNA inDNA-string, dy't troch in oar firaal ensym,yntegraze, yn it DNA fan 'e gasthearsel ynboud wurdt. De replikaasje fan dat DNA kin sels al úteinsette ear't dy ynbou foltôge is. Yn sliependeCD4+-T-sellen kin it firus ek sliepe en sadwaande lange tiid ferburgen bliuwe. As it firus-DNA troch de gasthearsel lêzen wurdt, ûntsteane der nije firusdielen dy't har oan deselmembraan gearstalle, harsels ôfsnije fan 'e gasthearsel en dan oare, sûne sellen besmette kinne. As de gasthearsel aktivearre wurdt trochantygenen, sil er ynstee fanantylichemkes benammen nije firussen produsearje.

AIDS

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in sideAIDS.

HIV feroarsaketAIDS trochdat it deCD4+-T-sellen oanfalt en ferneatiget Dat is in groep fanlymfositen (in spesjaal soartewite bloedsellen) dy't ornaris itymmúnstelsel koördinearret yn it gefal fanynfeksjes. Op dy manear is it firus net allinnich by steat om himsels te fermannichfâldigjen, mar skeakelet it ek it meganisme út wêrmei't it lichem him tsjin allepatogenen beskermet.

Troch de sterke fermindering fan it tal CD4+-T-sellen ûntstiet in sitewaasje wêrby't oare sykteferwekkers, dêr't it ymmúnsysteem ornaris koarte metten mei makke hawwe soe, frij spul hawwe. HIV is op himsels net deadlik; it binne almeast saneamdeopportunistyske ynfeksjes dêr't AIDS-pasjinten úteinlik oan komme te ferstjerren, om 'e ienfâldige reden dat sokkekrupsjes net mear tsjinholden wurde troch it ymmúnstelsel. In protte AIDS-pasjinten ûnwikkelje fierder seldsume foarmen fankanker, lykaskaposisarkoom, dy't normaal gjin kâns krije soene.

Sûnder behanneling is de libbensferwachting fan in minske dy't mei HIV ynfektearre rekke is, likernôch 9 oant 11 jier, ôfhinklik fan hokker soarte HIV as it om giet. Ynfeksje mei HIV kin oerdroegen wurde trochbloed,sperma,faginaal focht,foarfocht,otter entate, mar net trochflibe ofurine (mar wol troch urine dêr't foarfocht, faginaal focht, sperma ofmenstruaasjebloed trochhinne sit). Yn 'e neamdelichemsfloeistoffen komt HIV foar as frije firusdieltsjes, mar ek as ynfektearreymmúnsellen. Yn 'e praktyk wurdt HIV faak fan persoan op persoan oerdroegen trochgeslachtsferkear,bloedtransfúzjes en it gebrûk fan smoargeynjeksjenullen. It is ien fan 'e gefaarliksteseksueel oerdraachbere oandwanings.

Diagnostyk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

As immen bang is mei HIV besmet te wêzen, kin der, nei in ynfâldige bloedôfname, inlaboratoariumûndersyk dien wurde. Dêrby besiket men de oanwêzigens oan te toanen fanHIV-antystoffen. Trije moannen nei de ynfeksje befettet it bloed nammentlik genôch fan dyantystoffen om indiagnoaze te stellen. Teffens wurdt der by sok ûndersyk socht nei HIV-RNA en wurdt sjoen nei de ferhâlding tusken CD4 enCD8-T-sellen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References enFurther reading, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryHIV fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=HIV&oldid=1016272"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp