Maupassant wie inprotégé fanGustave Flaubert en syn ferhalen wurde karakterisearre troch in sobere styl en effisjinte, skynber muoiteleaze ûntknopingen. In protte ferhalen spylje har ôf ûnder deFrânsk-Prusyske Oarloch fan 'e 1870-er jierren, en beskriuwe de neatichheid fan oarloch en de ûnskuldige boargers dy't, fongen yn barrens bûten harren kontrôle, permanint feroare wurde troch har ûnderfiningen. Hy skreau 300 koarte ferhalen, seis romans, trije reisboeken en ien dichtbondel. Syn earste publisearre ferhaal,Boule de Suif (1880), wurdt faak beskôge as syn ferneamdste wurk.
Iteroatyske karakter fan guon ferhalen kaam him wolris op krityk te stean.