Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Guggenheim Museum (New York)

Ut Wikipedy
Guggenheim Museum
Solomon R. Guggenheim Museum
  museum
Guggenheim Museum
Guggenheim Museum
Lokaasje
lânFeriene Steaten
SteatFlagge fan de steat New YorkNew York
plakFlagge fan de stêd New YorkNew York
adres5th Avenue
koördinaten40° 46' N, 73° 57' W
Algemiene gegevens
ferneamd neiSolomon R. Guggenheim
typeKeunstmuseum
oprjochting1937
Arsjitektuer
type gebouMuseum
arsjitektFrank Lloyd Wright,
Hilla von Rebay
boujier1959
Offisjele webside
guggenheim.org
Kaart
Guggenheim Museum (New York)
Guggenheim Museum
Lokaasje yn de stêd New York

ItGuggenheim Museum ynNew York, offisjeel itSolomon R. Guggenheim Museum, op 5th Avenue ynNew York City is ien fan de fiif Guggenheim-museä oer de hiele wrâld neistGuggenheim Hermitage Museum ynLas Vegas, itMuseo Guggenheim ynBilbao,Deutsche Guggenheim ynBerlyn en dePeggy Guggenheim Collection ynFeneesje. It Guggenheim Museum yn New York waard oprjochte yn1937.

Bûtekant Museum
Binnenside
Ljochtkoepel

De museä meitsje allegear diel út fan deSolomon R. Guggenheim Foundation.

It is in museum foarmoderne keunst mei benammen skilderkeunst fan de 20e iuw en ien fan de wichtichste musea foar moderne keunst.

It oarspronklike gebou is in museumstik op himsels troch syn bysûndere foarmjouwing. De tentoanstellingsromte bestiet út in spiraalfoarm, dy't him ek bûten manifestearret. De keunstwurken wurde tentoansteld lâns in spiraalfoarmich ferrinnende helling dy't it hiele gebou trochgiet. It sintrale diel fan de romte, dy't oer alle ferdjippings, foar safier't der hjir fan ferdjippings sprutsen wurde kin, trochrint, is ôfdekt troch in grutte ljochtkoepel. It is ûntwurpen troch de Amerikaanske arsjitektFrank Lloyd Wright yn gearwurking meiHilla von Rebay fan de Solomon R. Guggenheim Foundation.

It Guggenheim Museum begûn as museum foar de priveekolleksje fanSolomon R. Guggenheim. Yn 1956 waard mei de bou begûn en op21 oktober1959 gie it museum yn New York iepen. Wright ferstoar in heal jier foar de iepening. Yn 1992 kaam ín útwreiding klear en waard de museumromte ferdûbele mei in tsjien ferdjippings hege toer, wat al troch Wright foarsjoen waard yn syn plannen. Arsjitekt fan de útwreiding wie Gwatthmey Siegel & Associates. Yn 2006 en 2007 waard it gebou oan de bûtenkant folslein restaurearre.

De keunstwurken dy't hjir tentoansteld wurde fariearje fanModerne keunst, sawol Europeesk en Amerikaansk (pop-art) oant renomearre artysten asPicasso. De spiraalfoarmige galerij wurdt brûkt foar wikseltentoanstellings; yn it fjouwerkante diel fan it museum wurdt mar in diel fan de fêste kolleksje, wêrûnder deThannhauser-kolleksje, toand. De permaninte kolleksje wurdt fierder toand yn de fiif oare Guggenheim-museums en jouwe in goed oersjoch fan de plastyske keunst yn de 20e iuw.

Inkele wurken binne:

Foar de Spegel (Edouard Manet)

Keunststreamingen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn it Guggenheim Museum binne benammen keunstwurken fan de streamingen fan de Moderne Keunst en Hjoeddeiske keunst te sjen lykas:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    Wikimedia Commons
    Wikimedia Commons
     Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategorySolomon R. Guggenheim Museum fanWikimedia Commons.
    Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Guggenheim_Museum_(New_York)&oldid=1187311"
    Kategoryen:

    [8]ページ先頭

    ©2009-2025 Movatter.jp