Ingrypsturt is in útsûnderlik grouwe en sterkesturt fan inbist, dy'tevolúsjonêr adaptearre is om dingen mei fêst te gripen of om him oan dingen fêst te hâlden. In grypsturt fungearret dêrmei as in soarte fan "fyfde lid". Grypsturten komme allinnich foar bywringedieren, en dan noch hast inkeld bysoarten dy't in grutdiels ynbeammen libje. Sokke bisten sette har sturt yn as helpmiddel by it klimmen of as in soarte fan anker, sadat se mei har folle gewicht oan 'e sturt hingje kinne. Guon bisten brûke har grypsturt net allinne mar om har oan dingen fêst te hâlden, mar ek om foarwerpen beet te pakken en te ferpleatsen. Bysûchdieren is it diel fan 'e sturt dat brûkt wurdt om te gripen, almeastûnbehierre.
Grypsturten komme by sûchdieren foar bygrypsturtapen (Atelidae),kapusynapen (Cebus),bûdelrotten (Didelphidae) en fierders by ferskatesoarteneameliters,skobdieren enbeamkjifstikelbargen, debearmarter (Arctictis binturong), derôlsturtbear (Potos flavus) en denôtmûs (Micromys minutus). Ta dereptilen dy't in gryptsturt hawwe, hearre in protte soartenslangen en fierders dekameleöns (Chamaeleonidae), deSalomoneilânske reuzeskink (Corucia zebrata) en deteistergekko (Correlophus ciliatus) en besibbe soarten. Byamfibyen komt in grypsturt foar by deklimsalamanders (Aneides) en byfisken by deseehynders enseenullen (Syngnathidae).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side. |