Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Grutte katten

Ut Wikipedy
grutte katten
In tiger (Panthera tigris).
Intiger (Panthera tigris).
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:sûchdieren (Mammalia)
skift:rôfdieren (Carnivora)
ûnderskift:katdieren (Feliformia)
boppefamylje:echte katdieren (Feloidea)
famylje:kateftigen (Felidae)
ûnderfamylje:grutte katten (Pantherinae)
Pocock, 1917

Degrutte katten (wittenskiplike namme:Pantherinae) foarmje inûnderfamylje fan 'eklasse fan 'esûchdieren (Mammalia), itskift fan 'erôfdieren (Carnivora), itûnderskift fan 'ekatdieren (Feliformia), deboppefamylje fan 'eechte katdieren (Feloidea) en defamylje fan 'ekateftigen (Felidae). Ta dizze ûnderfamylje hearre sân libbenesoarten kateftigen, wêrûnder deliuw (Panthera leo) en detiger (Panthera tigris). De namme 'grutte katten' ferwiist nei de tsjinstelling mei de oare ûnderfamylje fan libbene kateftigen, delytse katten (Felinae). De beide ûnderfamyljes spjalten har likernôch 11,5 miljoen jier lyn faninoar ôf.

Skaaien

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De grutte katten wurde opdield yn twaskaaien: dedizepanters (Neofelis) enpanters (Panthera). Itsnieloaihoars (Panthera uncia, foarh.Uncia uncia) waard foarhinne ûnderbrocht yn in trêde,monotypysk skaai, dat fan 'e sniepanters (Uncia), mar ûndersiken nei itDNA fan dat bist út2004 en2008 brochten oan it ljocht dat it snieloaihoars eins by de panters yndield wurde moat.

Skaaimerken

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn it foarste plak ûnderskiede de grutte katten har fan 'elytse katten (Felinae) troch in grutterlichem. Yn ferhâlding ta guon soarte lytse katten, lykas dehûskat (Felis catus), is dat tige dúdlik, en ek mei bgl. delynks (Lynx lynx) is it ferskil oansjenlik. Mar it ferskil mei depoema (Puma concolor) en itjachtloaihoars (Acinonyx jubatus), dy't ek ta de lytse katten rekkene wurde, is minder opfallend. In poema en injagûar (Panthera onca), dy't ta grutte katten heart, binne fan ferlykbere grutte. It ferskil yn grutte tusken de poema en deliuw (Panthera leo) of detiger (Panthera tigris) is dan wol wer dúdlik.

Behalven troch har grutte ûnderskiede de grutte katten har ek fan 'e lytse katten troch in robúster stal, in krêftigerkop en in sterkergebit. Fierders is by harren detongbonke net folsleinossifisearre (ta bonke wurden). In diel fan 'e tongbonke bestiet allinnich mar út inpiis, wat destrôtbal gruttere mobiliteit jout. Troch it útrekken fan dy piis kinne grutte katten de efterkant fan 'ebek folle grutter meitsje as lytse katten kinne. Dat feit en de struktuer fan 'e tongbonke makket it foar harren mooglik om tebrullen. Dat is in fermogen dat lytse katten net hawwe, en teffens ûntbrekt it by itsnieloahoars (Panthera uncia) en dedizepanters (Neofelis), hoewol't dy wol ta de grutte katten rekkene wurde.

Underfamylje-opbou

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryPantherinae fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Grutte_katten&oldid=1191413"
Kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp