Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Grot

Ut Wikipedy
Dripstienfoarmen yn 'eLechuguilla-grot ynNij-Meksiko.

Ingrot (fan itFrânskegrotte),spelonk (fan itLatynskespelaeum) ofrotshoale is in natuerlik foarme ûnderierdske romte ynrotseftigegrûn. Dêrby giet it gauris om in gruttere romte. Wannear't sa'n soarte ûnderierdske romte lytser, nauwer en/of dreger tagonklik is of wurdt, sprekt men fan inholte. Ien grot kin út ferskate gruttere romten (of 'sealen'), gongen (of 'galerijen') en holten bestean. Faak binne der ek ferskate yngongen. In grot kin sadwaande in wier doalhôf wêze en reuseftige ôfmjittings oannimme. De langste grot fan 'e wrâld (ynsafier bekend) isMammoth Cave yn 'eAmerikaanskesteatKentucky, mei in totale lingte fan 643 km. De djipste en teffens rjochtdelste grot fan 'e wrâld is deVoronjagrot ynGeorgje, dy't in hichteferskil omfiemet fan 2.197 m tusken de yngong en it djipste punt. Yn2013 wiene der wrâldwiid 97 grotten bekend mei in djipte dy't grutter wie as 1.000 m. De tûke fan 'ewittenskip dy't grotten bestudearret, is despeleology; grotte-ûndersikers wurde sadwaandespeleologen neamd. Speleology is in ûnderdiel fan 'egeology.

Foarming

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Grotten wurde faak foarme troch de oplossing fan ûndergrûnskekalkstienlagen ynkoalsoerhâldendwetter. Dêrmei is it dan inkarstferskynsel. De measte fan sokke grotten binne foarme troch in ûndergrûnskerivier. As se tsjintwurdich noch altyd streamend wetter omfiemje, sprekt men fan 'aktive grotten', is de rivier ferdwûn en de grot drûchfallen, dan sprekt men fan 'fossile grotten'. In bekend ferskynsel dat in protte yn grotten foarkomt, binnedripstiennen. Dat binnekegelfoarmigejûkels dy't troch drippend wetter foarme wurde en sawol hingjend as steand foarkomme kinne: hingjend op it plak dêr't it wetter fan it 'plafon' omleech dript, en steand op it plak dêr't de drippen op 'e flier fan 'e grot delkomme. Hingjende dripstiennen hjittestalaktiten, wylst steande dripstiennenstalagmiten neamd wurde. De faasje wêrmei't sokke dripstiennen groeie, is stadich mar fariabel. Guon groeie iensintimeter yntsien jier, wylst oaren dêrtûzen jier oer dogge. As se âld genôch binne, kinne in stalaktyt en in stalagmyt oaninoar groeie; yn sa'n gefal sprekt men fan in dripstienpylder.

Utsjoch fan binnenút op 'e yngong fan deGrot fan Lombrives, ynFrankryk.

Bisten

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Foar in prottebistesoarten binne grotten in foarm fan húsfêsting dêr't se net sûnder kinne. Sokke bisten wurdetroglofilen neamd. Men kin dêrby tinke oanflearmûzen, dy'tnachts útfleane om opynsekten te jeien, maroerdeis hingjend oan it plafon fan grotten yn gruttekoloanjes fan soms wol miljoenen eksimplarensliepe. Oare bistesoarten komme útslutend yn grotten foar en sjogge nea itdeiljocht. Dy bisten wurdetroglobiten neamd. Faak binne dy útsûnderlik goed oanpast oan itlibben yn oanhâldendtsjuster en binne harreneagendegenerearre om't se dêr yn grotten neat oan hawwe. In goed foarbyld dêrfan is deolm, insalamandersoarte út beskate grotten ynSloveenje. Oare bisten hawwe oanpassings om yn it tsjuster har paad fine te kinnen, lykasswypspinnen, dy't sterk ferlinge foarpoaten hawwe dêr't se meitaaste kinne. Yn guon grotten ynAustralaazje produseare delarven fan it langpoatesoarteArachnocampa luminosa troch ingemysk proses datbioluminesinsje hjit in blau-griene gloede, wêrmei't seproaien lokje. Yn 'eWaitomo-grotten fanNij-Seelân is dy gloede sa spektakulêr, dat der op deistige basis hûndertentoeristen op ôfkomme.

Minsklike bewenning

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Ekminsken wenje al tsientûzenen jierren lang yn grotten. Yn itPaleolitikum hawwe sokke grotbewenners op ferskate plakken ymposantegrotskilderings efterlitten, lykas yn 'e grotten fan itSúdfrânskeLascaux. Op guon plakken yn 'e wrâld wurde grotten oant hjoed de dei ta troch minsken bewenne. YnNederlân komme gjin natuerlike grotten foar, mar wurdt de term 'grot' wol brûkt foar demergelstiengatten ynSúd-Limburch, dy't trochmynbou ûntstien binne. Ek dy hawwe wol tsjinne foar minsklike bewenning, ûnder mear ynGeulhem (gemeenteFalkenburch oan de Geul).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryCaves fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Grot&oldid=1020476"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp