Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Grenada

Ut Wikipedy
Grenada
Flagge fan GrenadaWapen fan Grenada
FlaggeWapen
Lokaasje fan Grenada
Offisjele taalIngelsk
HaadstêdSint George's
SteatsfoarmParlemintêre monargy
Gebiet344 km²
Ynwenners (2004)89.000
MuntEast-Karibyske dollar (XCD)
TiidsôneUTC -4
Nasjonale feestdeiHail Grenada
LânkoadeGRD
Ynternet.gd
Tillefoan1473

Grenada is in eilân en steat yn deKaribyk. De steat Grenada beslacht it eilân en de Lytse Grenadinen. De eilannegroep heart by deLytse Antillen. De haadstêd isSint George's.

Geografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It eilân Grenada is it grutste eilân fan de eilannegroep; de Lytse Grenadinen binne Carriacou, Petit Martinique, Ronde Island, Caille Island, Diamond Island, Large Island, Saline Island en Frigate Island. De measte minsken wenje op it eilân Grenada, wêrfan St. George’s, Grenville en Gouyave de grutste plakken binne. It heechste punt fan it eilân is de berch St. Catherine (840 m).

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Grenada waard yn1498 trochKolumbus ûntdutsen, hy neamde it eilânConcepción, mar stifte gjin kolony. Yn it tiidrek1674 -1763 wie Grenada in Frânske kolony, dêrnei waard it in eilân fan it Britske Commonwealth. Yn 1974 waard Grenada ûnôfhinklik.

Demografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

95 % fan de ynwenners fan Grenada hawwe foarfaars út Afrika. 3 % is Yndysk. Op it eilân wennet in lytse minderheid mei Jeropeesk foarteam. De amtlike taal fan it eilân is Ingelsk, fierders wurde der Kreoaltalen praat. De grutste religy's op it eilân binne mei likernôch 64 % fan de minskenKatolyk, 22 % Anglikaansk.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Wikimedia CommonsOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryGrenada fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Grenada&oldid=876526"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp